-8- Kêst 23. 1. Utsein de foarsitter mei net ien mear as twa kear oer itselde Onderwerp it wurd fiere. De leden, dy't yn earste ynstânsje oer in Onderwerp net it wurd fierd hawwe, kinne yn twadde ynstânsje oer itselde Onderwerp mar ien kear it wurd fiere. 2. De foarsitter of de ried kin yn bisündere gefallen tastean, dat fan it foarskrift fan it earste lid ôfwykt wurdt. 3. It bepaalde yn it earste lid jildt net foar de rapporteur fan in kommisje en ek net foar de yntsjinner (s) fan in útstel. 4It earste lid is ek net fan tapassing op de wethâlders by it behanneljen fan Onderwerpen dy't hearre ta harren portefeuille 5. It stellen fan in fraach foar it krijen fan in ynljochting oer in Onderwerp dat oan'e oarder ia, wurdt as der net in taljochting by jun wurdt, net beskôge as it fieren fan it wurd. Kêst 24. Oer elk Onderwerp dat yn besprek jûn is, en dat yn ünder- dielen of kêsten splitst is, wurde earst algemiene skô- gings hâlden en dêrnei wurdt sa nedich kediisd oer de Onder dielen of kêsten. Kêst 25. Initiatyfútstellen. 1. Elts lid hat it rjocht oan de ried in útstel te dwaan. 2. Alle initiatyf-útstellen wurde skriftlik en fan in taljoch ting fersjoen yntsjinne by de foarsitter foar't de gear- komste begjint. Dizze útstellen wurde yn hannen steld fan boargemaster en wethâlders om advys of foar in neiere ta- rieding ferwiisd nei in fêste of bisündere kommisje út de ried. 3. In initiatyf-útstel wurdt yn de earstfolgjende gearkomste behannele, behalve wannear't de ried fan betinken is, dat soks net kin. 4. De ried kin yn bisündere gefallen beslüte in initiatyf- útstel fuortendaliks te behanneljen. It útstel om dat te dwaan moat fan op syn minst twa leden stipe wurde Kêst 26. Amendementen. 1. Elts lid hat it rjocht oangeande it útstel dat oan'e oarder is wizigen foar te dragen. 2. Dizze amendementen moatte, as de foarsitter dêrom freget, skriftlik by him yntsjinne wurde. 3. Amendementen kinne net yn besprek komme as hja net fan op syn minst twa oare leden stipe wurde 4. As in amendement of in sub-amendement genôch stipe hat, wurdt it yn besprek jûn noch foar't kediisd wurdt oer it útstel of it amendement, dêr't it op yntsjinne is. 5. De meast fiergeande sub-amendementen en amendementen wurde it earst yn besprek jûn; subammendementen komme dêrby earder oan'e oarder as de amendementen, dêr't hja op yntsjinne binne Sprekke yn twa ynstânsjes Algemiene skogmgs en behanneling fan de ûnderdielen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 24