-9- 6-. Salang it petear dêroer net dien is, kin de yntsjinner fan in amendement of sub-amendement syn ústel ynlüke. 7. Elts lid hat it foech in ynlutsen amendement of sub-amen dement oer te nimmen en op'e nij yn of by it petear te belüken, sünder dat it amendement of sub-amendement wer stipe wurde hoecht. Kêst 27. 1. De leden fiere it wurd fan harren sitplak óf. Hja rjochtsje har ta de foarsitter, nei eigen kar yn it Nederlânsk of yn it Frysk. 2. In sprekker mei yn syn ferhaal net steurd of ûnderbrutsen wurde, útsein in koarte ynterrupsje. Dit ferbod is net fan tapassing as de foarsitter in sprekker it neilibjen fan dit Regleming foarhâlde wol en ek net yn de gefallen, neamd yn it tredde en fjirde lid. 3. As in sprekker ôfwykt fan it Onderwerp dat oan'e oarder is, seit de foarsitter dat en noeget him of har út by it Onder werp te bliuwen. 4. As in sprekker misledigjende of Onfoege taal brûkt of op hokker wize ek de oarder fersteurt, ropt de foarsitter him of har ta de oarder. Hjirfan wurdt meidieling dien yn it ferslach fan de gearkomste. Kêst 28 1. As in sprekker troch giet mei fan it Onderwerp óf te wiken, misledigjende of Onfoege taal te bruken, de oarder te fer- steuren of net foldocht oan de Otnoeging fan de foarsitter, neamd yn kêst 21, lid 3 of 27, lid 3, untnimt de foarsitter him of har it wurd. Hjirfan is gjin berop op de ried mooglik. 2. Yn de gearkomste, wêryn tapassing jûn wurdt oan it earste lid kin it lid dat it wurd Ontnommen is net meer meiprate oer it Otstel, dat oan'e oarder is. Kêst 29. De foarsitter kin mei it each op it bewarjen fan de oarder de gearkomste foar in troch him te stellen skoft ferskowe en, as nei it op'e nij iepenjen de oarder wer fersteurd wurdt, de gearkomste slute. Kêst 30. 1. As de foarsitter fan betinken is, dat in Onderwerp dat oan de oarder steld is, genóch bepraat en taljochte is, slacht er de gearkomste foar it petear dien te ferklear- jen. 2. In Otstel fan oarder of in Otstel in petear dien te fer- klearjen, troch ien fan de leden yntsjinne, moat stipe wurde fan op syn minst twa oare leden, oars wurdt it net behanneleOer in Otstel fan oarder wurdt ferstien in Otstel ta it nimmen fan in beslút oer de wize, it tiidstip of de djoer fan behanneling fan in Onderwerp, dat oan'e oarder is. Oarder yn de gearkomste It Ontnimmen fan it wurd. Ferskowe of slute fan de gearkomste yn it belang fan de oarder. Dien ferklearjen fan it petear.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 25