- 11 - Haadstik VII. Stimmen oer_saken Kêst 34. Folchoarder 1. Foar it begjin fan de earste stimming nimt de foarsitter in nümer út in bus, dêr't' op elkoar folgjende nûmers yn sitte fan ien oant en mei santjin. De earste stimming en ek alle mooglike fierdere stimmxngen, yn folchoarder fan de presinsjelistbegjinne by it nümer dat út de bus nommen is 2. In foarsitter, dy't lid fan de ried is, stimt as léste. 3. De siktaris hâldt oantekening fan de útbrochte stimmen. Kêst 35. It stimmen. 1. Utsündere it net meidwaan oan de stimming op grün fan de gemeentewet, binne alle leden dy't har yn de gearkomste- seal befine, ferplichte te stimmen en dat te dwaan mei it sizzen fan "foar" of "tsjin", sünder dêr fierder eat oan ta te heakjen. 2. Elts lid kin freegje om yn it ferslach op te nimmen, dat er him by it útbringen fan de stim fersind hat. Kêst 36. 1. It stimmen giet sa nedich earst oer de subamendeminten, dêr- nei oer de amendeminten, dêrnei oer de ünderdielen of kêsten fan it útstel en by eintsje beslút oer it folsleine útstel. Dêrby komme wizigings, útstellen en amendeminten dy't it fierst geane, it earst yn stimming. 2. De léste stimming is it beslút fan de gearkomste. 3. As der oer de tapassing fan dit kêst net gelyk tocht wurdt, sil de gearkomste dêroer beslute. Folchoarder fan yn stimming bringe Beslút.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 27