- 13 - 3. As der dan noch gjin folsleine mearderheid is foar ien persoan, dan komt der in fjirde stimming oer de twa persoanen dy't by de tredde stimming de measte stimmen krige hawwe. 4. Binne by de tredde stimming de measte stimmen oan mear per soanen taskikt, dan wurdt by in tuskenstimming útmakke oer hokker persoanen de fjirde stimming gean sil. 5. As by in tuskenstimming of in fjirde stimming de stimmen stake, wurdt der tusken de oerbleaune persoanen lotte. Këst 43. Lotsjen. 1. As der op grûn fan kêst 42 lotte wurde moat, dan wurde de nammen fan de persoanen tusken wa lotte wurdt troch ien fan de stimopnimmers skreaun op aparte briefkes fan gelikense foarm, grutte en kleur. 2. Dizze briefkes wurde op gelikense wize opteard, yn in bus of skaal dien en skodde. Dêrnei nimt de foarsitter der ien fan de briefkes út, teart it iepen en lést de namme lûd op foar. Dizze persoan is dan keazen. Kêst 44. De stimbriefkes wurde nei ôfrin fan eltse stimming troch de stimopnimmers fuort en yn de gearkomste ferneatige. Ferneatigjen fan de stim briefkes

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 29