- 14 - Haadstik IX It freegjen fan ynljochtings Kêst 45. Ynterpellaasje 1. Foar it freegjen fan ynljochtings op grün fan kêst 129 fan de gemeentewet oer in ünderwerp, dat frjemd is oan'e oarder fan de dei, moat de gearkomste te foaren tastimming ferliene. 2. As de foarsitter it mei it each op it jaan fan in ant- wurd needsaaklik achtet, dat de fragen oanhâlden wurde, dan wurde de ynljochtings jûn yn de folgjende gear komste 3. Nei in taljochting fan de fragensteller en it antwurd fan de kant fan it kolleezje fan boargemaster en wet- hâlders, kin earst it lid dat om ynljochtings frege hat en dêrnei oare leden oer it ünderwerp fan de yn ljochtings it wurd fiere. Kêst 46. Skriftlike fragen 1. Ek büten de gearkomsten om, kinne de leden oan boarge master en wethâlders skriftlike fragen stelle. Dizze fragen moatte koart en dúdlik formulearre by de foar sitter yntsjinne wurde. 2. Sa gau mooglik, mar yn elts gefal binnen in moanne nei ûntfangst wurdt op de fragen skriftlik antwurd jün. Fan dizze termyn kin yn bysündere gefallen ôfwykt wurde. 3De fragen en de antwurden dêrop wurde oan de leden fan de ried tastjoerd. 4. Noch oer de fragen, noch oer de antwurden kin yn de rieds- gearkomsten it wurd fierd wurde

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 30