- 16 - Haadstik XI Undersykjen_fan_begrutting_en_rekkening. Kêst 48. Begrutting 1De ünderwerpen fan de begrutting fan de ynkomsten en útjeften fan de gemeente en fan de aparte begruttingen fan de takken fan tsjinst, as bedoeld yn kêst 253 fan de gemeentewet wurde mei de oanbelangjende nota's en de fierdere taheakken, fuort mei it oanbieden oan de ried, oan de leden tastjoerd. 2Derby dogge boargemaster en wethâlders te witten dat binnen in troch harren te bepalen termyn, dy't net koarter wêze mei as 3 wiken, skriftlike fragen yntsjinne wurde kinne oer de ûntwerp-begrut- tingen en it gemeentlik belied yn algemiene sin. 3. Op de yn lid 2 neamde fragen jouwe boargemaster en wet- hâlders skriftlik antwurd. Derby wurdt oanjûn wa't hokker fragen steld hawwe. 4. Nei it beantwurdzjen fan de fragen folget in iepenbiere behanneling. Hjirby kinne troch de fraksjes algemiene skôgings hâlden wurde. 5Nei de algemiene skôgings of as dy net hâlden wurde fuort nei it iepenjen kinne de leden it wurd fiere oer de ünderwerpen dêr't skriftlike fragen oer steld binne. Kêst 49. Rekkening 1De rekkening fan de gemeente en ek dy fan de takken fan tsjinst, bedoeld yn kêst 253 fan de gemeentewet, wurdt nei oanbieding oan de ried mei alle oanbelangjen- de stikken en fierdere taheakken yn hannen steld fan in riedskommisjebesteande út teminsten 5 leden. 2. Oanwizing fan dy leden wurdt dien troch de foarsitter, mar de ried kin dit foech oan him hâlde. 3. De kommisje bringt oer har befiningen oan de ried in skriftlik rapport út. 4. Op dizze kommisje binne fierders fan tapassing de kêsten fan haadstik XII

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 32