- 17 - Haadstik XII Kommisjes Kêst 50. Ferplichting om beneaming as lid oan te nimmen. 1. Elts lid is ferplichte om in beneaming as lid fan in riedskommisje oan te nimmen. Dizze ferplichting jildt net as in lid foar in we gering redenen oanfiert dy't foar de ried te oan- furdzjen binne. 2. In lid dat al yn trije kommisjes in sit hat hoecht net yn mear kommisjes in sit yn te nimmen. Kêst 51. Trochstjoeren fan stikken 1. De stikken dy't oan de ried rjochte binne oer in Onderwerp dêr't in kommisje foar ynsteld is, wurde troch de foarsitter, yn hannen steld fan de oanbe- langjende kommisje. 2De foarsitter docht meidieling fan de Ontfangst en fan it trochstjoeren. Kêst 52. Iepenbierheid. 1. De gearkomste fan de kommisjes wurde yn it iepenbier hélden, behalven as de oardering op de taak, it foech de gearstalling en de wize fan wurkjen fan in kommis- je oars oanjout. Lykwols wurde de doarren sluten as ien fan de oanwêzige leden dêrom freget of de foar sitter it winsklik fynt. De kommisje beslút hjirnei oft de gearkomste mei slet ten doarren fuortset wurde sil. 2De foarsitter stelt it maksimum tal harkers fêst en stiet noed foar de oarder en rêst Onder harren. 3. Alle oanwêzigen, dus ek de publike tribune, hawwe it rjocht it wurd te fieren. Kêst 27 lid 1, wurdt dêrby achtslein. 4. Yn iepenbiere kommisje-gearkomsten mei net oer per- soanen praat wurde. 5. De stikken oer de Onderwerpen dy't oan'e oarder kom- me lizze foar eltsenien op besjen oant de dei fan de gearkomste, behalven as dit nei de miening fan boar- gemaster en wethâlders de belangen fan de gemeente fier- geand oantaaste kin. Kêst 53. Ferslaggen en ad- vizen. De ferslagen fan de gearkomsten fan kommisjes wurde oan alle leden fan de ried tastjoerd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 33