- 19 - Haadstik XIII Kommisjes mei in bysûnder doel. Kêst 54. Ynstellen. Wize fan wurkjen. 1De ried kin sa faak as er wol in bepaald under- werp yn hannen jaan fan in kommisje út syn midden, om in bysûndere opdracht út te fieren. De opdrachten binne altyd advisearjend fan aard. 2. Foar dizze kommisje binne tapaslik de kêsten 52 en 53. Kêst 55. Gearstalling. 1. De leden fan in kommisje mei in bysûnder doel wurde oanwiisd troch de foarsitter. De ried kin dit foech lykwols oan him hâlde 2. In kommisj,e mei in bysünder doel bestiet út op syn minst 3 leden. It tal wurdt fierder bepaald troch de foarsitter. De ried kin ek dit foech lykwols oan him hâlde. Kêst 56. 1. It earst oanwiisde lid fan in kommisje mei in by- Foarsitter. sünder doel skriuwt de earste gearkomste út. Yn dy gearkomste wiist de kommisje út har fermidden in foarsitter oan en sa nedich in rapporteur. 2. De kommisje wurdt, as hja dêrom freget, bystien troch Skriuwer. de siktaris of in fan dizzen oan te wizen amtner.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 35