- 13 - Sprekker wiist der noch op dat ek by it fêststellen fan de gaspriis it koppelingsrinnend wurk in rol spile hat. De hear Bouma seit dat it hjif. net om in herhellingsoefening giet. De belêstingútstellen kin men foar in great part seis beynfloedzje Oan de gasprizen kin men seis neat dwaan. Op fersyk van de hear Terpstra, dy't dêrfoar stipe kriget, wurdt de moasje yn stimming brocht. De moasje wurdt met 12-1 stimmen (dy fan de hear Terpstra tsjin) oannommen. Fieders wurdt sûnder haadlike stemming konfoarm it útstel besluten. 24. Voorstel tot aankoop van de oude jeugdherberg met dienstwoning te Grouw De hear Bouma seit dat it bedraach fan 400.000,noch al foars wie relatearre oan'e wearde fan it ûnreplik guod. It bestjoer hat doe yn har brief fan '22 novimber in wat positiver opstelling sjen litten troch de jeugdherberch iepen te stellen foar mienskipsactiviteiten. Sprekker fynt d'at in goede iepening dêr't in soad gebrûk fan makke wurde moat. Wat de priis fan 400.000,oangiet, mient sprekker dat it kolleezje derfoar in goede oplossing foar fûn hat. Foar it gebou 300.000, en 100.000,as ekstra subsydzje. It is in protte jild en der leit in grutte ferantwurdlikens op it bestjoer fan de jeugdherberch. Syn fraksje wol no akkoart gean mei it.útstel. De hear Terpstra is yn algemiene sin flak foar dit útstel. Wol is sprekker wat skrokken fan it opneamen fan de mienskipsaktiviteiten. Hy warskôget tsjin it saneamde parakommersialisme It moat gjin kon- kurrensje wurde fan de horeka, lykas it organisearjen fan kofjekon- serten. De voorzitter antwoordt dat de heer Terpstra gelijk heeft. Er zullen beperkingen moeten worden opgelegd. De achterliggende gedachte is ook hoe de ruimte moet worden ingevuld. Zonder hoofdelijke stemming wordt dan conform het voorstel besloten. 25Goedkeuring van de begroting 1984 van de Stichting Recreatie-oord Yn'e Lijte te Grouw. De hear Schermer seit dat de le ôfdieling by de behanneling fan dizze begrutting in tal opmerkingspleatst hat. Spitich dat dit ferslach der noch net is. Syn fraksje hat dochs wol wat beswier tsjin dyn ekstra 10% ferheging foar de skiphuzen. Kin dit net yn fasen. In ferheging van 13^% is wol wat unfoech. Fierders freget sprekker oft it kolleezje yn gearwurking mei„it be stjoer fan it rekréasje-oard net ris prate kin oer oansluting op'e riolearring. Aanst is de rioolwettersuveringsynstallaasje klear. Der bliuwt dan in smoarge plak oer.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 20