- 7 - De nieuwe gemeente zal dezelfde structuur hebben, met als voornaamste inkomstenbronnen de landbouw en het watertoerisme. Het gebied zal groter zijn, er zullen meer mensen zijn en minder raadsleden. Maar er zal meer beleid moeten worden gevoerd. Een inspirerende zaak, deze uitgangspunten voor de nieuwe gemeente. Spreker hoopt van harte dat dit in een goede samenwerking zal gebeuren. Hij wil gaarne dank brengen aan de voorzitter voor de wijze waarop hij steeds de vergaderingen heeft geleid. Aan de andere leden van het college voor de steun en informatie, aan de collega-raadsleden voor de goede sfeer en samenwerking. Spreker wenst de leden die afscheid nemen veel sterkte toe. Ook brengt hij dank aan het ambtelijk apparaat, die het mogelijk maakten, dat dit werk kon worden gedaan. Spreker wenst allen prettige kerstdagen toe en een ge zond en goed 1984. De hear Knossen seit dat it doek no oer Idaarderadiel fait. Hy is it mei âld-boargemaster Vrijling iens dat men net yn wrok weromsjen moat. "Alle dinc hat syn tiid"stiet as spreuk yn it gemeentehüs. Sprekker seit dat syn fraksje doetiids net tsjin de weryndieling wie en mei ge noegen sjen sil hoe't it útrinne sil. Oan'e oare kant hat in skiedende siktaris yn in fraachpetear himôffregeas der yn it ferline foar de ynwenners wol foldwaande úthelle wie. As der aanst foar de ynwenners fan Boarnsterhim mear úthelle wurde kin sil sprekker aanst efter de pylders oanhearre Dit wol net sizze dat sprekker de swierrichheden net sjocht fan de wer yndieling. It ambtlik apparaat krijt in dreege tiid. It sil de nedige oanpassing freegje. It weryndielingsbelied hat foar guon ek persoanlik wol teloarstellingen brocht. Hy hoopt dat ek it ynpassingsbelied be- foarderje kin dat de wurkfreugde yn it belang fan de ynwenners yn'e nije gemeente stâl krijt. Foarsitter, jo hawwe doetiids yn in fraachpetear sein dat jo yn Den Haach beliedstaridend dwaande wiene mei de weryndieling en dat de téory en praktyk nochal wat ferskilde. Sprekker is dan ek benijd of itjinge dat de foarsitter op de Haagse tafel altyd úttocht hat no yn'e praktyk hifke wurde kin en hy is dan ek tige benijd wêr't de foarsitter yn'e ta- komst op promovearje sil as hy ôfskie nimt fan Boarnsterhim. Sprekker tinkt dat it yn dizze tiid needsaaklik is om alle seilen by te setten en de boargers dúdlik te meitsjen wêrt de knelpunten lizze en hokker alternativen der binne. Dat sil fan de politieke partijen moed freegje om in dúdlik stânpunt yn te nimmen, foaral fan de oerheid yn i dizze perioade mei mindere finansiële mooglikheden As men hjir 10 jier sitten hat, hat men dochs wol ris de oanstriid om efterom te sjen. Sprekker wie dat net fan plan. Mar de politike ferhâl- dingen yn'e rie binne de léste jierren in stik better wurden. Hy wol hjirfoar fia de foarsitter mar ek fia de kollega's syn tank útsprekke. Doe't hy krekt riedslid wie, wiene der yn'e rie ôfgrislike politike pro blemen. Sprekker hat doe in drege perioade trochmakke. Mar mei de stipe fan silger wethâlder Benedictus, Draisma en Smits hat hy it folhâlden. Harren is sprekker folie tank skuldig. Syn fraksje is tankber dat oan it rieds- en kommisjewurk meiwurke wurde koe yn it belang fan de mien- skip. De fraksje fan it C.D.A. winsket de foarsitter en de nije rie in protte sukses mei harren wurk en freget derby om Gods únmisbare seine.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 29