- 8 -
De hear van der Goot wol it op syn eigen wize dwaan. It komt soms wol
ris wat kru oer mar nim him dat mer net kwea óf.
"Foarsitter, kollega's, oanwêzigen,
Jün de léste riedsgearkomste fan Idaarderadiel. Noch in goed wike en
dizze gemeente bestiet net mear. Dwers tsjin alle F.N.P.-tinken yn
moast sa nedich de besjoerskrêft fergreate wurde troch yn dit gefal
trije gemeenten op in heap te faaijen.
De tiid, dat alles great wurde moast, is foarby. Mar de weryndieling,
hwerom de Fryske Steaten frege ha, koe net wer werom. De trein wie al
te fier. Der wie gjin wissel werom. De F.N.P. hat hjir altiten fül op
tsjin west, mar och dizze party is net ferstjintwurdige yn Den Haach.
Ofrûne tiisdei by it petear oer de lûdshinder die wol bliken, dat ek
de oare partijen net folie betrouwen ha yn Den Haach. Yn elts gefal,
sa't men seit sil it no noch better wurde, mar dat leauwt dochs net
ien.
Goed fiif jier lyn ha ik foarsitter, diel útmakke fan dizze rie. As
ienmansfraksje foar de F.N.P. In party dy't neffens sommigen fan myn
kollega's net yn'e rie thúsheart. Hoe kin je je drok meitsje om it
Frysk en it Frysk eigene. Wat bestjut dat?. Dér keapje jo dochs neat
foar. Ik ha dat gauris preaun, foaral oan dizze kant fan'e tafel.
Sa is it mar krekt, allinnich wy wiene d'r wol by om't in part fan'e
befolking der oars oer tocht. Sa fan wat soest do der no fan witte.
Bytiden mocht ik gjin gelyk ha en as dan de diskusje foarby wie, dan
seine hja dohiestwol gelyk.En dan tocht ik smoar mar it sil wol
by de polityk hearre.
It is as lytse party makklik om né te sizzen en dan krije jo fêst wol-
ris gelyk. Ik bin fan betinken, dat ik ek faak in oare wei oanjün ha
mar om't it út de ferkearde hoeke kaam koe't net goed wêze.
Mar wy prate noch wolris oer de musykskoallede skoaldokter en sok-
soarte dingen
Foarsitter, it heart hwat negatyf, mar sa is it net bedoeld. Ik ha in
moaije tiid hawn, allinnich yn't lést hie ik it te drok om altiden goed
tareA op'e gearkomsten te kommen. Ik bin bliid, dat ik it meimakke ha.
Dêrom ek myn beslüt om net wer mei te dwaan. Nou moat ik sizze, dat ik
dér nea wekker fan lein ha, mar de léste dagen koe ik jûns mar min yn'e
sliep komme. Jo lizze dan te prakkesearjen en falie wolris yn sliep.
Dreame fansels en út sa'n dream dy't my by bleaun is, wol ik jim in
lyts stikje fertelle.
Ik dreamde, dat de F.N.P. de greatste party wie yn'e rie fan Idaardera
diel mei 7 sitten. Wat aardich tocht ik. Nou kinne wy de oare partijen
útnoegje om oer ús programma te praten. Sa barde it ek en opfallend wie
dat net ien fan de oaren dér folie opmerkings oer hie, want ja, hja
woenen graach in wethâlder leverje. Om't wy Knossen net ha woenen,
seinen wy tsjin him, dat er earst leare moast syn tún yn oarder te
hélden en mear kandidaten hie it C.D.A. net. Foeke de Wolf hie gjin
tiid en Diny Aukes wenne yn it ferkearde doarp. Klaas Schermer wie te
éld en Germ van Essen tocht allinnich mar oan sport en de léste kandi
daat, Aukje Faber hie gjin auto. En dus diene wy it seis mar. Prach-
tich die earste jün. Stimme oer de twa wethélders. De F.N.P. levere
se beide mei hieltiten sawn foar en seis tsjin. Mar dat koe neat skele,
wy hiene it ommers foar it sizzen. De V.V.D. en it C.D.A. ha wy de