- 8 - De hear van der Goot wol it op syn eigen wize dwaan. It komt soms wol ris wat kru oer mar nim him dat mer net kwea óf. "Foarsitter, kollega's, oanwêzigen, Jün de léste riedsgearkomste fan Idaarderadiel. Noch in goed wike en dizze gemeente bestiet net mear. Dwers tsjin alle F.N.P.-tinken yn moast sa nedich de besjoerskrêft fergreate wurde troch yn dit gefal trije gemeenten op in heap te faaijen. De tiid, dat alles great wurde moast, is foarby. Mar de weryndieling, hwerom de Fryske Steaten frege ha, koe net wer werom. De trein wie al te fier. Der wie gjin wissel werom. De F.N.P. hat hjir altiten fül op tsjin west, mar och dizze party is net ferstjintwurdige yn Den Haach. Ofrûne tiisdei by it petear oer de lûdshinder die wol bliken, dat ek de oare partijen net folie betrouwen ha yn Den Haach. Yn elts gefal, sa't men seit sil it no noch better wurde, mar dat leauwt dochs net ien. Goed fiif jier lyn ha ik foarsitter, diel útmakke fan dizze rie. As ienmansfraksje foar de F.N.P. In party dy't neffens sommigen fan myn kollega's net yn'e rie thúsheart. Hoe kin je je drok meitsje om it Frysk en it Frysk eigene. Wat bestjut dat?. Dér keapje jo dochs neat foar. Ik ha dat gauris preaun, foaral oan dizze kant fan'e tafel. Sa is it mar krekt, allinnich wy wiene d'r wol by om't in part fan'e befolking der oars oer tocht. Sa fan wat soest do der no fan witte. Bytiden mocht ik gjin gelyk ha en as dan de diskusje foarby wie, dan seine hja dohiestwol gelyk.En dan tocht ik smoar mar it sil wol by de polityk hearre. It is as lytse party makklik om né te sizzen en dan krije jo fêst wol- ris gelyk. Ik bin fan betinken, dat ik ek faak in oare wei oanjün ha mar om't it út de ferkearde hoeke kaam koe't net goed wêze. Mar wy prate noch wolris oer de musykskoallede skoaldokter en sok- soarte dingen Foarsitter, it heart hwat negatyf, mar sa is it net bedoeld. Ik ha in moaije tiid hawn, allinnich yn't lést hie ik it te drok om altiden goed tareA op'e gearkomsten te kommen. Ik bin bliid, dat ik it meimakke ha. Dêrom ek myn beslüt om net wer mei te dwaan. Nou moat ik sizze, dat ik dér nea wekker fan lein ha, mar de léste dagen koe ik jûns mar min yn'e sliep komme. Jo lizze dan te prakkesearjen en falie wolris yn sliep. Dreame fansels en út sa'n dream dy't my by bleaun is, wol ik jim in lyts stikje fertelle. Ik dreamde, dat de F.N.P. de greatste party wie yn'e rie fan Idaardera diel mei 7 sitten. Wat aardich tocht ik. Nou kinne wy de oare partijen útnoegje om oer ús programma te praten. Sa barde it ek en opfallend wie dat net ien fan de oaren dér folie opmerkings oer hie, want ja, hja woenen graach in wethâlder leverje. Om't wy Knossen net ha woenen, seinen wy tsjin him, dat er earst leare moast syn tún yn oarder te hélden en mear kandidaten hie it C.D.A. net. Foeke de Wolf hie gjin tiid en Diny Aukes wenne yn it ferkearde doarp. Klaas Schermer wie te éld en Germ van Essen tocht allinnich mar oan sport en de léste kandi daat, Aukje Faber hie gjin auto. En dus diene wy it seis mar. Prach- tich die earste jün. Stimme oer de twa wethélders. De F.N.P. levere se beide mei hieltiten sawn foar en seis tsjin. Mar dat koe neat skele, wy hiene it ommers foar it sizzen. De V.V.D. en it C.D.A. ha wy de

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 30