- 9 - earste moannen net wer werom sjoen, mar dat wie net wichtich, hwant in fraksjeberi4d wie ommers al in soart riedsgearkomste. En doe waard ik wekker en wie alles by't âlde. Foarsitter, ferline jier nei de ferkiezings, wie de gemeente en by- nammen Grou yn opskuor. De F.N.P. soe de P.v.d.A. oan twa wethâlders helpe. Alde tiden wer werom. V.V.D., C.D.A., ID, wiene hjir tige oer rekke. Terjochte tink ik, mar it spyt my noch it meast foar de V.V.D. want mei de fertsjintwurdigers fan dizze party ha ik it altyden goed fine kinnen, al dramde de Wolf nei myn betinken wolris te folie troch. De P.v.d.A. seach ek yn dat it net koe en doe lieten hja my yn krante- berjochten ek wer spikerhurd falie. Dat is ek polityk. Van Essen joech by in oar feestlik barren ta, dat it mis wie, mar yn it iepenbier kaam it net oer de lippen. In stomme streek fan myn kant, mar dy binne d'r wol mear west. Dan de komma wer ferkeard en dan wer miene, dat de gemeente jild besparje koe troch in brêge oars te re- parearjen. Letter bemuoiden oarren har der mei en doe gie it wer wat min. Mar lyk as Foeke syn drollen ha myn gouden bouten histoarje makke. Ik sil jim noch ien sjen litte. As oantinken fan de F.N.P. ha ik seis sa'n bout krigen. Foarsitter, sa'k al sei it hat in moaije tiid west, foaral doe't jo hjir boargemaster waarden. Jo ynstallaasje wie in hichtepunt. As On fatsoen die ik de taspraak yn't Frysk. Ik sjoch de hear Jacdb Vellenga noch mei syn greate holle skodzjen, mar ik ha begrepen, dat jo fe- mylje en de femylje fan jo frou it wurdearje koenen. Mei jo kommen, mar foaral nei de beneaming fan de siktaris Starreveld is it Frysk yn'e stikken en yn alderhande publikaasjes tige tanommen. Alle wurdearring foar jim foargongers, mar op dit mêd fergeaten hja riedsbesluten. Foarsitter, jo earstkommende stap sil nou wol wêze ek de gearkomsten fan'e rie yn't Frysk te lieden. As jo Sint Piter yn't Frysk en sünder papier en de skütsjeskipper yn't Fryske wolkom hjitte (tenei twa kear: Grou en Terherne) dan moat it yn'e riedseal ek makklik kinne. Alle minsken fan'e gemeente tige tank foar alle meiwurking, benammen ek boargemaster en siktaris. It giet jim goed yn Boarnsterhim. Kollega's betanke en oan't sjen". Mevrouw van Schaik zegt dat nu het doek valt over Idaarderadeel, ook voor ID'78 de laatste uren zijn aangebroken. Dat is geen droevige zaak. Veel treuriger was destijds het ontstaan van ID'78. Er waren kwade en goede tijden in deze raad. Maar gelukkig hebben de goede tijden de over hand gekregen. De mensen van ID'78 die in bestuur, fractie en steun- fractie altijd actief zijn geweest vonden het niet zinvol op dit moment door te gaan. Wel zullen zij op hun eigen kritische manier de raad van Boornsterhem blijven volgen, zij het dan aan de andere kant van de pilaar. Spreekster zegt dat zij bijna 6 jaar in de raad van Idaardera deel heeft mogen meepraten. Graag wil zij ieder waarmee zij heeft samen gewerkt, collega-raadsleden, raadsleden en ambtenaren danken. Zij heeft veel van hen geleerd. Mede dank zij hen en ook ondanks hen was het een goede tijd. Spreekster zegt dat in haar kamer een klein vierkant tegeltje hangt met de spreuk: "Minder verstand dan niet goed wijs". Een uitspraak

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 31