- 10 - waar je eerst even goed moet over nadenken voor je beseft wat het be tekent. Voor haar betekent het dat niet alleen rationele argumenten gelden. Men kan niet alleen alle voors en tegens op een rijtje zetten, optellen en aftrekken en zijn conclusies trekken. Er is een andere de- mensie die zich moeilijk laat beredeneren. Noem het gevoel, geweten, God of liefde of medemenselijkheid, maar laat het meewegen in de be slissingen die men neemt. Spreekster wijst in deze zin allen veel wijs heid toe in de komende tijd. Mefrou Faber wol noch graach in persoanlik wurdsje sizze. It is het in bespegeling fan Boarnsterhim en ek net in weromsjen nei Idaarderadiel. Sprekster wol allinnich even sizze hoe't se har fielt. It wurdsje dübeld is tige yn de publisiteit. Men hat it oer dübel ynkommen, dübel pakt wurden, dübel beslút en men heart in protte ik ha der sa'n dübel gefoel fan. Sprekster fielt har hjoed wat dübel. Oan de iene kant giet it har óf dat se by tal fan beslissingen net mear oanwêzich wêze sil, oan de oare kant tink ik die swiere ferantwurdlikens hoecht net mear. Oan de iene kant tink ik, ik krij aanst in protte frije tiid oan'e oare kant hoe folje ik dy frije tiid aanst wat ferstannich yn. Oan de iene kant tink ik no kin ik graach dwaan wat ik seis wol en oan de oare kant wat sil ik dy kontakten misse. It leit ek net swart-wyt, sa is spreksters aard ek wol wat. Yn'e polityk kin je mei in grize kleur net út'e fuotten. Dêr is it faak swart of wyt, it ien of it oare. Dertroch hat sprekster miskien wolris wat te folie mei de dingen omtild. Dêr- neist binne yn dizze perioade hiele goede mominten-westFoaral de kontakten mei de minsken hat sprekster tige wurdearre. Sprekster be- tanket allegear foar it gearwurkjen, de freonskip, mar ek it respekt dat we faak foarelkoar hiene Dat jildt foar minsken yn dizze romte en dy't efter de pylders sitte, mar ek de minsken dy't ik moette ha yn oare ferbânen. Dit wie de moaiste kant fan it wurk. Sprekster winsket dyjinge dy't trochgean yn Boarnster him tige by tige ta en folie moed. Oan'e iene kant fielt sprekster har in bytsje bliid dat se 2 jannewaris net mear meidwaan sil, oan de oare kant fielt se har wat tryst. De hear Schermer wol ek noch graach in persoanlik wurd sizze. Sprekker seit dat it in hiel moaie tiid west hat. Mei te dwaan oan it bestjoeren fan in gemeente is in boeiende en swiere taak. Hy hat in bliid gefoel dat syn party him dêrta it betrouwen joech. Der bliuwt dan oer hoe't men de frije tiid ynfoljet. Der binne in tal saken yn'e rie be- hannele dy't sprekker mei genoegen oan meiwurke hat. Yn de 16 jier dat hy yn'e rie sitten hat, binne mear dan 3000 punten fan'e wurklist oer de tafel gongen. Sawol boeiende as hammersikken. Faak hat sprekker der wolris fan wekker lein. Meastal binne der goede besluten nommen, net- tsjinsteande de politike ferskillen. Sprekker seit dat hy as âldste riedslid by it ôfskie fan boargemaster Vrijling it wurd fierd hat. Hy hat doe sein dat de hear Vrijling in tolerant foarsitter west hie. Dit is ek op jo fan tapassing. Jo joechen frijheid oan'e leden büten it reglemint fan oarder om. Dat hat foar in grut part de sfear yn'e riedsgearkomsten bepaald. Tige tank derfoar. Fierders winsket sprekker de kollega's dy't trochgean tige bij tige ta en tanket de leden fan it kolleezje en de amtners foar harren meiwurking en freonskip.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 32