- 11 - De hear Koopmans seit dat de twa jier yn dizze rie foar him gjin mak- kelike perioade west hat. By syn ynstallaasje hat de foarsitter sein dat it in jier duorret foar't men ynwurke is. Sprekker hat it field. Dochs hat hy mei nocht dizze twa jier mei dien en it spyt him dat it no dien is. Sprekker hat in protte stipe hân fan syn fraksjegenoat, dy't it him yn de begjinperioade net makkelik makke hat. Tige tank derfoar. Fierders wol sprekker graach de oare riedsleden tankje foar harren kollegialiteit, like goed as de amtners. Hy winsket de nije riedsleden folie wiisheid ta. Sprekker winsket elk noflike krystdagen ta en folie lok en seine yn 1984. De hear de Visser hat syn hiele libben al neimeand mar sil dochs be- sykje noch wat te sizzen. Sprekker fielt him krekt as by in dokter. "Zeg eens aa en zucht eens even". Hy hat no wer 16 moannen yn't spier west foar de gemeente en op syn wize syn bést dien. It foei wol wat ta want der sieten 5 fikse minsken. Dat hy der by kaam hindere net sa folie. In gat wie gau foldien en as it nypte en in âldere moast ris in útspraak dwaan dan koe dat ek noch wolris yn in goede rjochting wurkje. Sprekker seit dat 10 jier ferlyn âld-boargemaster Vrijling him ek tasprutsen hat. Doe't ik nei hüs ried tocht ik: "ik ljeau dat ik ien fan de bésten wie"De oare dei hat hy it nochris neilêzen en him ôffrege wat no bedoeld waard mei datjinge dat der net stie. Hy hat it net wer lézen want oars bleaun der miskien neat fan oer. Yn 1974 moast der in nij riedslid foar Warten kommeDer waard út idea lisme tocht oan in jongkeardel, dy't it better dwaan koe as sprekker. Mar dy wie yn acht jier útsjoen. Der is in fryske útspraak dy't seit: "Wêr't jo seis net komme wurdt jo de kop net klaud"Doe tocht sprekker: "Dan moat ik seis mar wer". It mouit him dat se yn Den Haach fan de weryndieling in púnheap makke ha, oars hie sprekker noch twa jier meidraaie kint. Dan hie hy mis kien útdwêste west. Hy bringt tank oan de minsken dy't him stipe ha en is hy bliid dat de foarsitter him net fluorre hat. In man dy't alles yn syn marse hat, mar op in harksit wol ris wat kribelich reagearje koe op sarkastische fragen fan doarpsminsken dy't it gefoel hiene dat se op it fuottenein leine. No is it ledikant noch grutter wurden. It fuottenein komt noch fierder fan it holle ein te lizzen. Miskien is it better sokke fragen út'e tinkwize fan de minsken te beanderjen. Dan is der noch in haadfiguur wêrfan^sprekker mient dat der it klemket tinkje in keatsje nauwer lüke^Hs'dy aanst mei de Friezen frysk wurde kin dan kin men it mei elkoar yn Boarnsterhim fier bringe. Tank oan dyjinge dy't him mei elkoar yn stân hâlden ha en gean mei Boarnsterhim op'e selde wize fierder. Wethâlder van Gorkum wol tank sizze oan alle komplimenten dy't nei it kolleezje oer de tafel rôle binne. Sprekker wol graach noch in pear wurden sizze tsjin syn kollega-wethâlderMei syn twaën kamen se as nij-bakken wethâlders yn in gebied, dêr't de trein al riidt mei betüfte bestjoerdersdyt faak fan in protte ûnderwerpen folie mear wisten. Lykwols wy hiene de politike noed.Yn't begjin hawwe we faak kontakt mei elkoar hân en in boel stipe oan elkoar hân. We wiene it net altyd mein elkoar iens mar we koene goed diskussiëarjeIen fan de dingen, dêr't we it net oer iens wiene, wiene de boardsjes fan kearnwapenfrij We wiene it net iens oer de middels wol oer it ideaal. As oantinken

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 33