4. Utstel om in kommisje Fryske doarps-
en strjitnammen yn te stellen.
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Oan de gemeenteried.
Grou, 6 jannewaris 1984.
Yn jimme gearkomste fan 2 jannewaris lêstlyn ha wy tasein mei in útstel
te kommen oer de nammejouwing fan de doarpen en de strjitten en diken
yn ús gemeente
Oanlieding wie it initiatyf-útstel fan de fraksje fan de P.v.d.A oer de
namme fan de gemeente en it troch de fraksje fan de F.N.P. oanhelle
brief fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 16 novimber 1983 oer dit
ûnderwerp (leit foar jimme by de riedstikken op besjen)
Wy binne fan betinken dat de nammen fan de doarpen en fan de strjitten
en diken yn ús gemeente, lykas de gemeentenamme seis, Frysk hearre te
wezen. Fryske nammen hearre by it tinken en fielen fan fierwei it grut-
ste part fan de ynwenners
Faak giet in om tige âlde nammen dy't djip woartelje yn it ferline en
suver net ièns yn in Nederlânsk oerset wurde kinne. Mar ek as dat net
sa is, bygelyks by de nammen fan strjittenyn de nijbou fan ús doarpen,
is de Fryske namme it meast fertroud, stiet ittichtstby ús
Wat dit oanbelanget koe jimme ried om ús fuort wol beslute om alle nam
men yn it Frysk oer te setten.
Lykwols moatte wy ek ûnder eagen sjen, dat it feroarjen fan nammen
("ferfryskje" sizze Deputearre Steaten) kosten meibringt, net allinne
foar de gemeente as it giet oer it oanpassen fan ferskate registers en
administraasjes en it keapjen fan nije buorden ensfh, mar ek en benam-
men foar de ynwenners en de bedriuven dyt in oar adres krije.
Hjir mei net te licht oer tocht wurde en wy binne it dan ek net iens
mei Deputearre Steaten as hja skriuwe dat de weryndieling in tige
gaadlik momint is foar de oanpassing fan de nammen, omdat der no gjin
dübeld wurk dien wurde hoecht en it mei de kosten ek wat tafalle sil.
Om alle aspekten dy't hjirmei anneks binne ris goed op in rychje te
setten, liket it ús de baas en stel in kommisje yn dy't oer it ynfieren
fan Fryske nammen foar de doarpen, de diken en de strjitten in advys
útbringe moat. It advys wurdt útbrocht oan de ried binnen in neier
fêst te stellen tiidrek.
Dizze kommisje soe har benammen beriede moatte oer de polityke fraach
of alle besteande net-frysktalige nammen feroare wurde moatte mei
alle konsekwinsjes dy't dêr oan fêst sitte (bygelyks, wa moat de
kosten drage; hoe te handeljen as de bewenners fan in strjitte net yn-
teresseare binne) of dat folstien wurde moat mei it jaan fan Fryske
nammen oan nije strjitten'en diken.
It kostenaspekt foar gemeente, partikulieren en bedriuwen moat dêrby
meiwoegen wurde
De kommisje soe neffens ús gearstald wurde moatte út 5 leden fan de
ried, út alle fraksjes 1 lid, útsein de P.v.d.A., dy't 2 fertsjint-
wurdigers kriget. De kommisje soe har eigen foarsitter kieze moatte,
wylst amtlike stipe garandearre wurdt.
Wy soene graach sjen dat der sa'n kommisje ynsteld waard.
Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
A. Carolus. B.G. Holtrop.