- 2 - De notulen fan 28 novimber 1983 wurde sûnder opmerkings ünferoare fêststeld. 2Ingekomen stukken. Punt 9. De hear Bouma seit dat de rie fan Smellingerlân in moasje oannommen hat dy't handelt oer de ynstânhâlding fan lytse skoallen yn plattelânssituaasjesOer in pear jier binne der gjin beuker- en legere skoallen mear mar basisskoallen. De noarmen dy't dan jilde moatte binne noch net bikend. Sprekker fynt dit mar in frjemde si- tuaasje. Dërnei waard it plattelân opskrikt mei plannen fan de steatssiktaris oangeande it fuortsetûnderwiisDer binne kriteria oanlein, dy't der op delkomme dat it hiele fuortsetûnderwiis op it plattelân fan de kaart giet. Op net al te lange termyn sil der al- linnich mar fuortset ûnderwiis yn'e stêd wêze. Beide punten wurde troch de rie fan Smellingerlân ûnder de oandacht fan de minister, de foarstitters fan de le en 2e keamer en deputearre steaten brocht. Sprekker stelt út, om in brief mei gelikense tekst ek nei dizze yn- stânsjes ta te stjoeren. De hear Knossen seit dat syn fraksje hjir gjin beswier tsjin hat om it te stypjen. Sûnder haadlike stemming wurdt konfoarm it útstel fan de hear Bouma besluten. De punten 1 oant en mei 8 wurde foar kundskip oannnommen en de punt en 10 en 11 yn hannen steld fan de rie fan Boarnsterhim. 3Mededelingen De punten 1 en 2 worden voor kennisgeving aangenomen. 4Voorstel tot vaststelling van het bestemmingsplan kom Grouw "Minne Finne" De voorzitter merkt op, dat het bezwaarschrift van Bouw- en Aannemers bedrijf Gebroeders de Jong inmiddels is ingetrokken en dus kan worden afgevoerd. Verder moet op bladzijde 3, regel 36 het woord "bezwaarschrift" worden vervangen door "voorstel". De fout ligt meer bij de secretarie, zodat het verholen verwijt niet juist is. De hear van der Goot seit dat neffens it plan fan de Minne Finne in wenbuorren wurdt. Foar it bedriuw Stork Bepak moat dan in plak fûn wurde. Yn 1987 moat it plan foar útfiering klear wêze. Betsjut dit foar Stork Bepak de stok efter de doar? It giet hjir om in prachtich stikje Grou oan it wetter. Hoe tinkt it kolleezje oer de te bouwen wenten. Wurdt dit yn eigen hân hâlden of wurdt in oannimmer of pro- jektûntwikkelaar ynskeakele. Sprekker freget oft de lisplakken oan'e Minne Finne legaal binne of binne dy skippeu der samar dellein. En as der dan in plan komt wurde der beswieren ynbrocht, omdat men der al salang mei it skippen leit en mient bepaalde rjochten krigen te hawwen. Dit giet sprekker wat te fier. Hij nimt oan, dat it nea de bedoeling west hat om hjir fêste plakken fan te meitsjen. De hear Bouma is bliid dat it beswierskrift ynlutsen is ta tefredens fan alle partijen. It giet hjir om in plan dat wat it ynfoljen oan-

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 5