4 - Ek de hear Terpstra mient dat der in better útstel mooglik is. Sprekker wol op it nipperke noch in suggestje meijaan. Yn de fyftiger jierren dat it bestjoer fan V.V.V. oan it kolleezje in útstel dien om frysktalige strjitnammen yn te fieren. Wat doetiids útsteld is, is no praktysk troch de rie oernommen. Oan dit útstel wiene in tal nammen taheakke dy't net foar strjitten brükt wurde koene mar foar Grou wol fan histaryske betsjutting wiene. Sa binne nammen neamd fan Tusken brêge en tille, de Fermanjesteech en de Hazenutesteech. De op- set wie yn de gebieten, dêr't dy namme foarhinne libben, in boerdtsje oan te bringen. De hear de Wolf wol him graach by de wurden fan de hear Terpstra oanslute Wethâlder van Gorkum seit dat it kolleezje der gjin inkeld beswier tsjin hat om it útstel foarearst oan te hâlden. Ek yn URI-ferbân it oer de fryske nammejouwing oan strjitten praat j.s. Der is oer praat om yn de nije gemeente alle strjitnammen op'e helling te stellen en der fryske nammen fan te meitsje. Punt 5 kin dan tagelyk meinommen wurde Sa wurdt besluten. 6Voorstel tot beschikbaarstelling van een kreaiet voor de verdere uit werking van een herinrichtingsvoorstel voor het Halbertsma'splein en omgeving te Grouw. De hear Schermer seit, dat dit útstel in ferfolch is op in rige be- sprekkingen dy't al west hawwe. It giet hjir feitlik om it hanthavjen en it fersterkjen fan it Grien. Dit Grien moat bliuwe. It nimt in waarm plakje yn it hert fan de Grousters Der is ek al in protte oer praat. Twa kear yn de le ôfdieling. Der is in harksitting oer west, stipe troch in hântekeningaksjeNo leit it plan foar ús. Spitich dat it ferslaach fan de earste ôfdieling noch net klear is. Derom wol sprekker no noch even weromkomme op wat doe yn de le ôf- dieling útsteld is, foaral ek omdat dit plan fierder giet dan it be- skikber stellen van in kredyt. Sprekker seit, dat wannear der praat wurdt oer it Grien moat en sil bliuwe, it dan ek in dúdlike funksje ha moat dan oant no ta. Yn it plan wurdt bebouwing oan'e noardkant net útsluten. Syn fraksje is der poer op tsjin. It gebiet is fiersten te lyts om der in ridlik gebou del te setten. It is foar it Grien ek net nedich. In goede begroeiing kin like goed in skieding tusken twa pleinen foarmje. De musyktinte moat ek net ferpleatst wurde. Wol better brûkber makke wurde. De iepening moat mear op'e súdkant rjochte wurde. Men krijt dan wat in beslettener gehiel. Men soe de begroeiing trochlûke kinne besiden in lyts parkearterreintsjeDe noardlike yngong soe bestean bliuwe kinne. De súdlike kant soe foar de bewenners fan de huzen oan'e Haedstrjitte bestimd wurde kinne. Sprekker komt dan op it punt fan trije pleinen, bynammen it Halberts- maplein, it Grien en no neamde Riedhúsplein. Sprekker stelt út it noard- súd part fan de no neamde Raadhuisstraat fisueel te skieden fan it plein troch in oare fluorring oan te bringen en hjir en der in freon- lik oansjende beam te plantsjen, d êr't de auto's wol tusken troch ride kinne. Men krijt fan it plein dan wat in smüker idee. Gearfettend is syn útstel: gjin bebouwing, mar in begroeiing oan de noardkant fan it Grien, de musyktinte in fjirdepart draaie nei it

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 9