GEMEENTE BOARNSTERHIM 14. Utstel ta it ynstellen fan ôfdielings út de ried en it wizigjen fan it Reglemint fan Oarder. Oan de gemeenteried. Grou, 25 jannewaris 1984. Wy binne fan betinken dat in frekwent oerlis tusken ried en kol- leezje fan boargemaster en wethâlders fan belang is foar it foarm- jen fan gemeentlik belied. It oerlis yn de gearkomsten fan de ried stiet derby foarop. Der wurde op it lést de besluten naam. Yn de praktyk bestiet lykwols ferlet fan foaroerlis der't it belied yn in ier stadium troch de ried stjoerd en beynfloede wurde kin. Yn sa'n foaroerlis kin faak ek wat mear wiidweidich en djipgeand op de saken yngongen wurde as yn de (somtiden ek wat formele) rieds- gearkomsten. In foaroerlis as hjir bedoeld, kin goed syn gerak krije as de ried út syn fermidden ôfdielings foarmet. Eltse ôfdieling kin dan mei de eigen portefúljehâlder út it kolleezje fan boargemaster en wet- hâlders it belied trochprate en der stjoer en rjochting oan jaan. De âlde gemeente Idaarderadiel hat hjir al ünderfining mei opdien, en it foldie bést. Ih reglemint yn de ôfdielings (gearstalling, taak en wurkwize) is op- naam yn in oan it Reglemint fan Oarder ta te heakjen konsept haad- stik XIV. Wy ferwize jim nei it op besjen lizzende konsept. Wichtige punten foar ús binne dêryn de iepenbierens en it sprekrjocht fan de publike-tribune Sa't jim yn it Reglemint fan Oarder sjen kinne, binne yn de oare haad- stikken ek alle flaters tsjin it taaleigen en de stavering ferbettere dy1t dér neffens de fraksje fan de F.N.P. noch ynsieten. It liket ús om redenen fan lêsberheid en dúdlikheid de baas en stel it Reglemint mei alle wizigingen en mei ynbegryp fan it nije haadstik XIV op'e nij fêst. Wy stelle út, dêrta oer te gean en de leden fan de ôfdielinq te beneamen. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, A. Carolus. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 39