- 12 - meastentiids socht wurdt yn it ferheegjen fan de tagongspriisIt liket him goed ta dat der ek ris sjoen wurdt nei mooglikheden fan besunigingen yn sa'n akkomodaasjebg. yn stookkosten en elektrysk. Hy woe dat as suggestje meijaan. Wethâlder Van Gorkum is it mei de hear Terra iens dat der wol wat mear sifers by de stikken lizze kind hiene. Wat de fraach fan mefrou Aukes oanbelanget seit sprekker, dat yn it ferline de tariven foar de gymnastyklokalen foars omheech gien binne. Dêrnei is der sein dat der rêst wêze moast op it prizenfront en de tariven waarden allinne noch mar ferhege mei de tastiene ynflaasjeperzintaasjes. Ek is der sein it moat noch ris in kear oer it hiele mêd besjoen wurde en dêrom stiet ek dy rigel yn dit útstel. Om't dat yn gearwurking mei minsken út de sportwrâld besjoen wurde moat is dat noch net bard. Ek moat der earst in sportried ynsteld wurde. As dy ried ynsteld is, dan is der ek in plak dêr't oer dizze problematyk praat wurde kin. It tekoart, dêr't de hear Van der Baan op wiistis net folie heger, neffens sprekker, as doe't it kompleks boud is. Oan it werombringen fan dat tekoart is ek op it mêd fan besunigingen al fan alles dien en it hat bliken dien dat dy besunigingen hast mear jild koste hawwe as dat dy opsmiten hawwe. De hear Terra freget oft er de eksploitaasje oersjoggen noch krije kin. Wethâlder Van Gorkum seit dat de begrutting fan De Twine by de oare begruttings wêze sil. As it moat kin dy begrutting wol op foarhân tastjoerd wurde, mar de behanneling komt net earder oan de oarder as by de oare begruttings. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 21Voorstel tot vaststelling van de tarieven 1984 voor het openlucht zwembad De Twine te Grouw. De hear Bouma seit dat er it wol iens is mei de neamde tariven, mar it giet him der om dat der hjir praat wurdt oer gezinsabonnementen1 en 'onvolledige gezinnen'. Neffens him binne dat kriteria dy't bepaalde groepen yn de maat- skippij útslute. Yndertiid is der foar de 'gezinnen' in top ynsteld om sa de kosten wat behearskje te kinnen. Sjoen de hjoeddeistige ûntjouwingen moat der neffens sprekker fan it wurd 'gezin' ófstapt wurde en oerskeakele wurde op 'húshâldingsabonneminten' om't dêr ek húshâldings ûnder ferstien wurde wêrfan de partners it net needsaaklik fine om troud te wêzen om in 'gezin' te foarmjen. Yn de adfertinsjes hjirfoar stiet ek altyd dat men foar in 'gezinsabonnement' it trouboekje meinimme moat. Yn de praktyk hoecht dat meastentiids dochs net toand te wurden en dêrom pleitet sprekker der foar om dy eask falie te litten en it wurd 'gezin' te ferfangen troch 'húshâlding' sadat ek oare húshâldings- foarmen fan dizze koarting gebrûk meitsje kinne. Ek it wurd 'onvolledig gezin' fynt hy net terjochte. It is ommers net sein dat in húshâlding mei ien âlder net folslein is. It liket him better ta dat dat dan ienâlderhüshâldenneamd wurdt. Wethâlder Van Gorkum seit dat dit mei de behearskommisje opnommen wurde sil. Foar 'gezin' soe bg. in siswize komme kinne as 'húshâlding mei twa folwoeksenen en yn stee fan it trouboekje soe it bg. om it adres gean kinne. Foar 'onvolledig gezin' soe dan oanhâlden wurde kinne 'húshâlding mei ien folwoekseneYn dy trant sil der oer praat wurde moatte mei de behearskommisje. Sprekker seit dat de yntins.je wol dúdlik is en dat it wol yn oarder komme sil. Zonder verdere discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 12