W
5. Utstel ta it wizigjen fan it Regie-
mint fan Oarder foar de gearkomsten
fan de gemeenteried.
GEMEENTE BOARNSTERHiM
Oan de gemeenteried.
Grou, 10 febrewaris 1984.
Yn jimme gearkomste fan 30 jannewaris 1984 hawwe jimme it beslút
nommen om ôfdielings út de ried yn te stellen.
It beslút om it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de
gemeenteried, dêr't de ôfdielings yn regele wurde, te wizigjen
hawwe jimme oanhâlden, om't der net genôch tiid wie om dit part
fan it ütstel te besjen.
It reglemint op de ôfdielings (gearstalling, taak en wurkwize),
opnaam yn in oan it Reglemint fan Oarder ta te heakjen nij haadstik
XIV, lizze wy dêrom no op'e nij oan jimme foar. Wy ferwize jimme
nei it op besjen lizzende konsept.
Sa't jim sjen kinne, binne yn de oare haadstikken fan it Reglemint
fan Oarder ek alle flaters tsjin it taaleigen en de stavering
ferbettere, dy't dêr neffens de fraksje fan de F.N.P. noch ynsieten.
It liket ús om redenen fan lêsberheid en dúdlikheid de baas en
stel it Reglemint mei alle wizigingen en mei ynbegryp fan it nije
haadstik XIV op'e nij fêst.
Wy stelle út om dêrta oer te gean.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
(P.H. Starreveld) (B.G. Holtrop)