1 - 2 - De voorzitter antwoordt dat die brief om advies naar gemeentewerken is en in één van de eerstvolgende vergaderingen wel aan de orde zal komen. 3Mededeling. Mevrouw Aukes zegt dat uit de portefeuilleverdeling afgeleid kan worden dat er vier raadscommissies ingesteld zullen worden. Verder heeft zij geconstateerd dat in deze verdeling onderwijs en welzijn zijn losgekoppeld, terwijl de P.v.d.A. in het verleden zo stond op de binding van onderwijs en welzijn. De hear Damsma fynt dat it better wêze soe as de foarsitter it ûnderdiel 'iepen- biere oarder en feilichheid' by ôfwêzigens oerdrage soe oan de loko-boargemaster en net oan in oare wethâlder. De voorzitter zegt dat het inderdaad voor het onderdeel 'openbare orde en veilig heid' beter is dat als plaatsvervanger de loco-burgemeester wordt aangewezen. Hierna wordt de mededeling voor kennisgeving aangenomen. 4. Utstel om in kommisje Fryske doarps- en strjitnammen yn te stellen. De hear Van den Berg seit dat it in goede saak is dat der in kommisje foar ynsteld wurde sil, om te besjen wat de konsekwinsjes fan it feroarjen fan de nammen wêze soene, hoewol syn fraksje fan betinken is dat de nammen Frysk wêze moatte. Fierder liket it him foar de gearstalling fan net allinnich dizze kommisje, mar ek de noch yn te stellen rieds- en oare kommisjes, goed ta dat de ferdieling oanhâlden wurdt, sa't dy foar dizze kommisje jün wurdt, nl. 2 leden P.v.d.A. en út de oare fraksjes ien lid. Foar dizze kommisje wurde troch de P.v.d.A. de hearen Nieuwdam en Van den Berg kandidaat steld. De hear Damsma seit it folgjende: "Foarsitter, it sil jimme kolleezje grif net fernuverje dat wy as F.N.P.-fraksje tige fergulde binne mei jimme utstel om de nammen fan de doarpen, strjitten en diken yn ús gemeente Boarnsterhim offisieel yn it Frysk fêst te stellen. Ek kinne wy ús fine yn jimme motifaasje dêrta, dat ek jimme fan betinken binne dat de nammen fan de doarpen en fan de strjitten en diken yn ús gemeente, lyk as de gemeentenammeFrysk hearre te wêzen. Ek wier is, dat Fryske nammen hearre by it tinken en fielen fan fierwei it grutste part fan de ynwenners. Ek binne wy it mei jimme iens, dat it faak giet om tige âlde nammen dy't djip woartele binne yn it ferline en suver net iens yn it Hollânsk oerset wurde kinne. Mar ek as dat net sa is, bygelyks by de nammen fan strjitten yn de nijbou fan ús doarpen, is de Fryske namme it meast fertroud; stiet it tichtst by ús. De F.N.P.-fraksje wol jimme utstel om fuortdaliks mar te besluten om alle nammen fan de doarpen, strjitten en diken yn de gemeente Boarnsterhim offisieel yn it Frysk fêst te stellen, fan herte stypje. Wy binne it ek mei jimme iens, dat der in kommisje komme moat dy't koördinearjend en begeliedend dwaande wêze sil mei de Fryske nammejouwing yn ús gemeente Boarn sterhim. Bygelyks kontakten lizze mei de Provinsiale ynstânsjes, dy't op dit mêd al hiel wat foarwurk dien hawwe, en fêst reewillich binne ús stribjen te stypjen, sjoen harren skriuwen fan 16 novimber 1983. Fierders kinne hja winliken ek noch gebrük meitsje fan ferskate Provinsiale rapporten, en dan wol benammen fan it ein- rapport fan de wurkgroep 'Frysk yn it offisiele ferkear' dat krektlyn útkommen is ünder de namme "Fan geunst nei rjocht". Ek binne wy fan betinken, dat der nést dizze kommisje noch in wurkgroepke komme moat dat te set giet oer de fêststelling fan de Fryske nammen yn ús gemeente. Foarsitter, wy binne tige op't skik Jo no in list oerlangje te kinnen fan 15 minsken út hast alle doarpen fan ús gemeente wei, dy't op frijwillige basis ree binne dit foar ús út te sykjen, wêr ünder ek noch riedsleden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 2