- 3 - Wy soene it op priis stelle dat Jo op koarte termyn dizze wurkgroep offisieel ynstallearje wolle en harren de nedige faksiliteiten jaan wolle om harren wurk goed te dwaan. Wy dogge dit ek mei om ús amtners wat te ûntlêsten, om't dy hjoed- de-dei noch oan hals en earen ta yn de weryndielings'perikelen1 sitte. Foarsitter, yn jimme útstel binne jimme tige swiersettich omtrint de kosten fan de Fryske nammejouwing yn ús gemeente. De F.N.P.-fraksje is lykwols fan betinken dat troch bestudearring fan ferskate ûnderdielen dy't mei de nammejouwing te meitsjen hawwe, de kostenfaktor wolris tafalle kin. Wy hoopje dan ek dat jimme nei bestudearring fan de Provinsiale rapporten op dit mêd, ta deselde konklúzje komme sille. Boppedat is de F.N.P.-fraksje fan betinken, dat de kostenfaktor ús nea yn it paad stean mei yn ús rjocht om ús seis te wêzen, dat wol sizze: Frysk. En Friezen binne wy as bewenners fan dit stikje grûn yn it hert fan Fryslân dat Boarnsterlii.ni hjit, nettsjinsteande de plakplaatsjes op ús buorden mei "Boornster- hem" der op. Foarsitter, de F.N.P.-fraksje, en it kin hast net oars, ek de oare fraksjes, fine dat it momint fan de gemeentlike weryndieling, no't alles dochs oer de kop setten wurde moat, freget om gear te fallen mei it werombringen fan plak- en oare nammen yn de eigen fan aids besteande Fryske nammen. Dêrom: de tiid is ryp, it is no de gouden oerel It sil no heve moatte, of it bliuwt ivich sa as it is. Graach hoopje wy, dat Boarnsterhim de krêfttoer oandoart om yn ús provinsje de foarstap te nimmen en gean der ta oer de nammen fan de doarpen, strjitten en diken yn ús gemeente offisieel yn it Frysk fêst te stellen. Us útstel is dan ek: Op 1 jannewaris 1985 is Boarnsterhim FRYSK." Mefrou Aukes seit dat har fraksje it der wol mei iens is dat der in kommisje komme moat, dy't him bûcht oer de saken dy't yn dit útstel neamd binne. Foar dizze kommisje is harren kandidaat de hear De Wolf. De hear Stallinga seit dat syn fraksje as kandidaat stelt de hear Terra. De voorzitter merkt op dat er bij de F.N.P. waarschijnlijk een misverstand is. Er is door het college nog geen beslissing genomen. Het is de taak van de com missie om een advies op te stellen over de vraag of het instellen van Friese namen al of niet door moet gaan. Die commissie kan over de praktische problemen rond dat hele gebeuren gaan praten, zoals b.v. de kosten voor de bewoners van een straat, waarvan de naam in het Fries veranderd wordt. De werkwijze wordt door de commissie zelf bepaald. Als het F.N.P.-lid zich dan wil laten steunen door 15 mensen, dan is dat een zaak van de commissie en behoeft het college daar geen uitspraak over te doen. De hear Van den Berg is fan betinken dat yn sa'n kommisje ek de portefúljehâlder in sit hawwe moat. Hy wol dan graach witte yn wa syn portefúlje dit ûnderdiel thús heart. De hear Van der Baan sit noch wat mei it twadde part fan it útstel oer de kostenfaktor. Neffens him spilet dat net. It belang fan de taal stekt fier út boppe de tafallige belangen fan in tafallige bewenner fan in strjitte. De kosten binne net oan te tsjutten en ek net oan te toanen. Wat noch wol spylje kin, is de hâlding fan bg. in bedriuwslieding, dy't der tsjin is, mar sprekker fynt dat foaroardielen gjin rol spylje meie yn it taalbelied. Foar de kommisje stelt hy as kandidaat de hear Damsma. De voorzitter zegt dat de heer Van der Baan niet op de conclusies van de commissie vooruit moet lopen. Het kan best zijn dat de kostenfactor geen rol speelt, maar het is aan de commissie om dat te onderzoeken. Verder valt dit onder algemene zaken wat spreker zelf in portefeuille heeft, zodat hij zelf deel zal uitmaken van de commissie. Ear't der ta stimmen oergien wurde kin, moatte der op grûn fan kêst 37 fan it

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 3