- 4 - Reglemint fan Oarder noch trije stimopnimmers oanwiisd wurde. De foarsitter freget dêrfoar de froulju Bloem, A. Zijlstra en S. Zijlstra. De útslach fan de stimming is dan: 17 stimmen foar de hear Nieuwdam, 17 stimmen foar de hear Van den Berg, 17 stimmen foar de hear Terra, 16 stimmen foar de hear De Wolf en 1 ûnthâlding en 16 stimmen foar de hear Damsma en 1 stim foar de hear Van der Baan. Dêrmei binne de hearen Nieuwdam, Van den Berg, Terra, De Wolf en Damsma beneamd yn de kommisje. 5Voorstel tot vaststelling van "Algemene Voorwaarden voor de verkoop van bouw terreinen in exploitatie bij het grondbedrijf der gemeente Boornsterhem" De hear Bethlehem seit dat syn fraksje wol ynstimme kin mei dizze betingsten, hoewol't hja sa harren eigen tinzen hawwe oer grûnpolityk. Dat komt lykwols by de begrutting wol werom. Wat de betingsten oanbelanget, hat sprekker noch in opmerking oer it boetebetingst yn kêst 13. It liket him ta dat it tsientsje dat dêr neamd is as boete, oan de lege kant is. Dat is men hast oan administraasjekosten al kwyt en hy fynt dat it better hûndert gûne wurde kin. Wethâlder Breeuwsma fynt hûndert gûne wol wat yngripend, hoewol't hy ek fynt dat de administraasjekosten der út komme moatte. It liket him better dat der in wat leger bedrach oanhâlden wurdt, bg. sa'n fjirtich gûne. De hear Bethlehem seit dat it neffens him gjin beswier is om der hûndert gûne fan te meitsjen. Dan witte de minsken fuort wêr't hja oan ta binne. It giet dan allinnich om it earste bedracht foar it net neikommen fan de betingsten en it oare bedrach kin dan wol in tsientsje bliuwe. De voorzitter zegt dat het college wel met deze wijziging in de voorwaarden accoord kan gaan. Zonder nadere discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten met dien verstande dat de in artikel 13 genoemde ineens te verbeuren boete van 10,= verhoogd wordt tot 100,= en verder blijft op 10,= per dag of gedeelte van een dag. 6Voorstel tot gedeeltelijke delegatie van de bevoegdheid tot aan- en verkoop van grond en panden. Mefrou Watzema seit dat har fraksje wol efter dizze delegaasje stiet, mar der moat dan noch wol by opnommen wurde dat der yn de earstkommende riedsgearkomste nei in transaksje meidieling dien wurdt dêroer. De hear Damsma wol safier net gean. It liket him net goed ta dat de delegaasje safier giet. As der tsien huzen fan 100.000,= kocht wurde, giet it al om in miljoen gûne en dêr stiet dan neat tsjin oer. It soe noch wol kinne as by de keap in betingst opnommen wurde soe dat de ried it noch goedkarre moat. Sa't it útstel hjir leit giet it de F.N.P.-fraksje fierstente fier. De hear Van den Berg fynt dit delegaasje-útstel net sa slim. It bestjoer fan sa'n grutte gemeente moat beret hannelje kinne. Ek is it foar sa'n grutte gemeente net ûngebrûklik dat dit foech oerdroegen wurdt. Fierder wol hy him oanslute by de opmerking fan mefrou Watzema. It liket him ek goed ta dat de ried op de hichte bliuwt fan de transaksjes, mar dat kin dan ek wol via de riedskommisjes as dy ynsteld binne. De hear Terra is fan betinken dat it gemeentebestjoer beret hannelje moatte kin. It moat net sa wêze dat de gemeente in hüs foar de noas weikape wurdt dat dan

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 4