- 6 - Mefrou Watzema is bliid dat dit plan foar it 'bedriuwenterrein1 der no einlings is. Dat der yn de tiid fan it op besjen lizzen fan dit plan gjin beswierskriften yntsjinne binne, hat men te tankjen oan de minsken dy't om dit terrein hinne wenje. Der wiene wol beswieren fan dizze bewenners en dy giene meastentiids oer de neamde 5 meter brede grienstripe. By sa'n stripe wurdt fuort tocht oan hege strüken en beammen sadat men in protte eachweid kwyt is. Yn it útstel stiet net hoe heech oft de beammen yn dy stripe wurde moatte. By it opsetten fan dit plan is der mei de bewenners praat en oan de minsken is tasein dat de hichte fan de beamwâl yn de gaten hâlden wurde soe. Even fierder yn it útstel stiet ek dat de relaasje tusken Boarn en de omjouwing oangeande it lânskip net te bot fersteurd wurde mei. Om't it lânskip om Boarn hinne nochal iepen is liket it sprekster ta dat in hege beam- wâl allinnich mar fersteurend wurkje sil. Hja freget dêrom ek oft der by de om- skriuwing fan de grienstripe it wurdsje 'lege' taheakke wurde kin, sadat dêrmei oan de beswieren fan de bewenners fan de Wjitteringswei temjitte kommen wurdt. De hear Damsma seit dat er eins deselde fraach hie as mefrou Watzema. It liket him de koartste klap as der oanjûn wurde kin wat de hichte wurde sil fan de grienstripe. De hear Stallinga wol de fraach fan mefrou Watzema stypje om't it foar it doarp seis tige wichtich is hoet der fan bûten óf tsjinoan sjoen wurdt. Wethâlder Breeuwsma seit op de fraach fan de hear Bethlehem dat de oanfraach foar de kantine noch behannele wurde moat. It liket ek him ta dat dy oanfraach net mear oerienkomt mei dit plan, mar om dat dan no fuort al oan te passen, dat is neffens him net goed mooglik. Fierder is it wat de grienstripe oanbelanget, mooglik dy yn alle soarten fan beplanting út te fieren en sadwaande de hichte yn de gaten te hâlden. Mei de útfiering dêrfan kin altyd rekken halden wurde mei it eachweid fan de bewenners Der moat wol rekken mei hâlden wurde dat de grienstripe oanlein wurdt om de bebouwing dy't der efter komt wat út it sicht te heljen om't it bedriuwsbebouwing is. Ek sil dy bebouwing seis al in stik eachweid weinimme. Ek is sprekker it mei de hear Stallinga iens dat it iepen karakter fan it doarp net weinommen wurde moat troch te tichte bebosking. De hear Bethlehem seit dat it fierder net sa slim is dat de bou-oanfraach foar de kantine in oare kear oan de oarSer komt. It gie him der om dat no dit plan fêststeld wurdt en as dan de bou-oanfraach letter behannele wurdt, dat der dan miskien in lange proseduere folge wurde moat om de kantine yn dit plan yn te passen. It liket him dêrom better ta dat der no fuort rekken hâlden wurdt mei dy kantine. Mefrou Watzema is fan betinken dat it better is dat der op papier fêstlein wurdt dat der in lege grienstripe komme sil. Dêrby tinkt hja dan oan beplanting dy't net folie heger as minskehichte komt. It liket de hear Damsma ek goed ta dat de hichte fan de beplanting fêstlein wurdt. Der is dan nei de bewenners ta ek in konkrete tasizzing oer de hichte fan de beplanting, sadat de kâns op beswierskriften net grutter wurdt. Wethâlder Breeuwsma seit dat. de oanfraach foar de kantine noch komt. Hy tinkt dat it wol in kêst-19 proseduere wurde sil, mar dat kin er noch net mei wissens sizze. Wat de beplanting oanbelanget kin der wol opnommen wurde dat de maksimale hichte 1.70 m. wêze mei. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten met dien verstande dat er in de voorwaarden wordt opgenomen dat de beplanting tegen over de woningen aan de Wjitteringswei niet hoger mag zijn dan 1.70 m.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 10