- 2 - dat dan yn de motivaasje opnommen wurde moat dat dit yn de spesifike situaasje fan Fryslân dûbeldop jildt. Dêrtroch bestiet der yn dizze gemeente dan ek ekstra soarch oer de plannen fan de minister. Er wordt besloten een ondersteunende brief te zenden aan de Minister van Onder wijs en Wetenschappen en aan de voorzitters van de Eerste en Tweede Kamer der Staten Generaal, waarin ook de laatste opmerking van wethouder Van Gorkum wordt opgenomen - De hear Van der Baan begrypt net wêrom de bewenners fan de wyk Easterfjild it ûnder 13 neamd brief stjoerd hawwe. Der hat oer dizze ferkearsmaatregels foar- oerlis west mei de bewenners fan dy wyk en no geane de bewenners dochs net akkoart mei dizze maatregels. De hear Bouma seit dat er him ek fernuvere hat oer dizze brieven. De ferkears maatregels binne, sa't de hear Van der Baan ek al tocht, nommen yn oerlis mei de bewenners fan de wyk. Der binne troch de P.v.d.A. doedestiids ek harksittings hâlden om mei de bewenners te kommen ta maatregels dêr't de bewenners de measte wille fan hawwe soene. De resultaten koene net fuort útfierd wurde om't dy keppele wiene oan it reemeitsjen fan in autosteanplak op de Blikpôle. It auto- steanplak koe net earder réalisearre wurde om't der beswieren tsjin wiene en dêrom moast it ynfieren fan de ferkearsmaatregels yn de wyk Easterfjild ek wachtsje. Dat hat sa lang duorre dat doe't de maatregels ynfierd waarden, guon be wenners fan de wyk harren ôffrege hawwe wannear't dat besluten wie. It gie benammen om de oerlêstsituaasje yn de simmermoannen en troch de nommen maat regels soe besocht wurde dêr feroaring yn te bringen. Dat der dan no sa'n 90% fan de bewenners beswieren hjir tsjin yntekenje, wol sprekker net oan. Hy wennet seis yn dizze wyk en men hat him neat hjiroer frege. It liket him ta dat it brief stjoerd is troch in ynstânsje, dy't gjin kontakt hân hat mei de groep dy't hja fertsjintwurdiget. Hy kin him dêrom wol fine yn it stânpunt fan it kolleezje om te'n earsten te besjen hoe't it giet. Der kin dan letter altyd noch besjoen wurde oft der wat oan de maatregels feroare wurde moat. Dat dizze brieven mei hantekeningen der binne fernuveret de hear De Wolf neat. Hy hat altyd it idee hân dat de minsken net goed trochkrongen wiene fan de gefolgen fan de maatregels. De effekten dy't derby kamen wiene net te oersjen foar guon minsken dy't wol foar dizze maatregels wiene. Der wurde yn de brieven ek konkrete útstellen dien. Op grün fan de wet kin der net in parkearferbod ynsteld wurde foar langer as 24 oeren, mar der soe wol in parkearferbod jilde kinne foar ferkear, dat gjin bestimmingsferkear is. Dit woe hy as suggestje oan it kolleezje mei jaan. It liket sprekker net nedich de simmermoannen óf te wachtsjen om't der neffens him dan net folie oan de situaasje feroaret. Het college heeft zich, volgens de voorzitter, ook afgevraagd wat er fout gegaan kon zijn, omdat de maatregelen van tevoren met de bewoners besproken zijn. Ook zijn de maatregelen genomen op verzoek van de bewoners van de wijk Oosterveld. Spreker denkt dat het inderdaad zo is als de heer De Wolf zei, dat de mensen onvoldoende hebben beseft wat die maatregelen zouden betekenen. Men heeft alleen het 'vreemde' verkeer willen weren, waarbij dan niet het familieverkeer wordt gerekend. Het leek het college niet verstandig om nu meteen de maatregelen te wijzigen en dan na de zomer nogmaals de situatie te bekijken, waarbij dan misschien weer wijzigingen zouden moeten worden aangebracht. Het is beter om eerst de zomer maanden af te wachten om te kijken hoe de situatie zich ontwikkelt en dan in september hier nogmaals over te spreken. De hear De Wolf freget him of wat de foarsitter fan dy simmermoannen ferwachtet As de besikers harren oan de rigels hâlde bliuwt de situaasje sa.' t dy no is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 16