- 3 - Hâlde hja harren der net oan,dan üntsteane deselde problemen sa't dv der yn it ferline ek wiene. Der fanút geande dat de minsken harren oan de rigels hâlde dan bliuwt de situaasje sa't dy no is en dat is foar de bewenners in situaasje dêr't hja net gelokkich mei binne. Om sa'n situaasje no it hiele jier bestean te litten as it feitlik giet om in pear simmermoannen, liket sprekker net goed ta. Hy wol dêrom nochris de suggestje dwaan om de ferboaden net jilde te litten foar bestimmingsferkear en dat no fuort te feroarjen. De voorzitter antwoordt dat de maatregelen op verzoek van de bewoners genomen zijn en speciaal bedoeld zijn voor de zomermaanden. Het lijkt hem daarom beter in ieder geval eerst de zomer af te wachten. Dat de maatregelen anders uit vallen dan de bewoners gedacht hadden, lijkt hem niet voldoende reden om dan maar weer de regels te wijzigen. De hear Van der Baan is fan betinken dat dy ferkearssituaasje net in op himsels steand probleem is. Grou is wat de ferkearssituaasje oanbelanget net in maklik doarp. It liket him goed ta dat der in saakkundige oanlutsen wurdt, dy't ris in kear de ferkearssituaasje foar it hiele doarp besjocht en der in plan foar makket. Op dit stuit sit men dan noch wol mei de beswieren fan de bewenners. Miskien is it mooglik dat dêr nochris oer praat wurdt om sa de misfettings út de wei te romjen. De voorzitter vindt dat het idee voor een verkeersplan voor Grouw beter in de afdeling besproken kan worden. Het lijkt hem niet juist zo'n discussie nu hier te houden. Verder denkt spreker dat een gesprek met de bewoners de bezwaren niet zal weg nemen. Het gaat om familieleden die niet die straat in kunnen. Als er toestemming wordt gegeven voor bestemmingsverkeer wordt het hele systeem doorbroken, omdat het niet doenlijk is van alle auto's te beoordelen of die daar wel of niet moeten zijn. Om dan maar meteen de pasgenomen maatregelen weer te gaan wijzigen lijkt hem niet goed. Het is beter eerst een periode af te wachten om te kijken hoe de situatie zich ontwikkelt en daarna pas te praten over eventuele veranderingen. Vervolgens wordt conform het voorstel besloten. 3. Mededelingen - Mefrou S. Zijlstra seit dat har fraksje tige ynnommen is mei de meidieling oer de atoomstroom'Der barre noch safolle ûngemakken mei kearnsintrales en ek is net dúdlik wat der mei de ôffeart dien wurde moat sünder dat dat gefaren foar de minsken meibringt. Der is ek net nei te gean oft der gjin misbrük foar it meitsjen fan kearnwapens fan makke wurde sil. Fierder sille de kosten foar dizze manear fan elektrisiteit opwekjen, sa't yn'e krante stien hat, tige heech wurde. De hear Damsma seit dat syn fraksje hjir ek efter stiet. Mevrouw Aukes stelt voor om die 2,7% niet op een aparte rekening te storten. Eén van de redenen daarvoor is dat niet de gemeente de plaats is waar over het gebruik van kernenergie beslist wordt, maar het democratisch gekozen parlement. Verder lijkt haar dit een actie die geen zoden aan de dijk zet, maar die wel kostenverhogend werkt door de extra administratieve rompslomp. En dat komt de burger zeker niet ten goede. De hear Terra seit dat yn syn partyprogram stiet dat it net winsklik is dat it brüken fan kearnenerzjy útwreide wurdt salang der gjin goede oplossing is foar it ôffal. Mar syn fraksje is noch net safier dat hja ek oan dizze aksje meidwaan wol. De konsekwinsjes dêrfan binne net te oersjen. As der in rjochterlike útspraak komt dat it net mei, dan moat men ek de konsekwinsjes fan it ôfsluten wurde nimme en dêr is de fraksje fan sprekker noch net oan ta. Dêrom stiet syn fraksje ek

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 17