- 5 - 4. Voorstel tot verhuur van een perceel grond aan de Polsloot te Akkrum aan J. Kooistra te Beetgumermolen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten 5. Utstel ta it wizigjen fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried. De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje der ynhâldlik net folie problemen mei hat. Der binne noch wol in pear opmerkings. De earste kear krigen de riedsleden it Reglemint fan Oarder yn konsept thús, mar de útwreiding moast op it gemeentehûs besjoen wurde. Fierder is der al in kreas boekwurk fan it Reglemint fan Oarder makke, mar no moat der noch wat oan taheakke wurde. De hear De Wolf soe graach oan kêst 59 taheakke hawwe wolle, dat de leden fan in ôfdieling harren troch in oar lid fan harren fraksje foar in gearkomste of foar de behanneling fan bepaalde Onderwerpen ferfange litte kinne. Neffens him wie dat ek sa ôfpraat yn de foarige gearkomste. De voorzitter zegt dat er inderdaad de vorige vergadering over is gesproken. Er is toen echter afgesproken dat de vervanging een ongeschreven recht van de leden zou zijn. Het was niet de bedoeling dat dat allemaal expliciet in het Reglemint fan Oarder geregeld zou worden. De oorzaak dat de uitbreiding van het Reglemint fan Oarder niet thuis gestuurd is, was dat die nog niet klaar was. Verder krijgen de leden een aangepast exem plaar van het Reglement toegestuurd. Hjirnei wurdt der sünder haadlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Voorstel betreffende het instellen van commissies en raden. De hear Van den Berg hat mei niget it rapport oer de kommisjes lézen. It útstel fan it kolleezje giet oer saken út dat rapport dy't nochris neier ûndersocht wurde sille. Dit kin dus sjoen wurde as in soarte fan tuskenrapportaazjesadat de riedsleden witte hoefier it is mei it wurk oan de kommisjes. It liket sprekker net needsaaklik dat hjir no de algemiene filosofy oer kommisjes en it dielnimmen fan de befolking dêryn bepraat wurdt. Hy wol allinnich sizze dat it goed wêze soe as der yn kommisjes as dy foar it wolwêzen, de sport en de rekréaasje njonken de riedsleden ek fertsjintwurdigers fan bûtengemeentlike organisaasjes in sit krije. Dat stiet ek al sa'n bytsje yn dit utstel oanjûn. Fierder seit sprekker dat syn fraksje der wol foar is dat de kommisjes in stikje eigen foech krije. Net in eigen foech oer in hiel beliedsterreinmar mear oer de ynfolling fan de beliedslinen sa't de ried dy oanjaan sil, nei de befolking ta. Hy hopet dat de kommisjes nettsjinsteande alle swierrichheden dêr't men troch de weryndieling mei te krijen hat, gau ynsteld wurde kinne. Dat is grif yn it belang fan it kontakt fan it gemeentebestjoer mei de befolking. De hear Van der Baan seit dat it rapport wol in aardich totaalbyld jout fan de kommisjes en wat dy dwaan kinne. Dat der yn dit rapport ek konklúzjes lutsen binne, fynt hy wat spitich. Der is nl. net oanjûn hoe't de skriuwer fan it rapport ta dy konklüzjes kommen is; net oft er mei immen hjiroer praat hat en mei wa't er praat hat. Dêrom hat it foar sprekker gjin wittenskiplike wearde. Hy hopet dan ek dat dit rapport net as ütgongspunt tsjinje sil foar it belied fan de ried. Om belied fiere te kinnen moat der earst goed ündersyk dien wurde. Sprekker wol dan ek noch efkes nei foarren helje dat der oer de behearskommisje fan sporthal-swimbad De Twine skreaun is, dat dy kommisje goed funksionearre hat. Dochs binne der lüden fan de sportferienings dy't it dêr net sa mei iens binne. Fierder stiet der yn it rapport dat it by it behear fan dat sporthal-swimbad-

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 19