- 11 - 9. Voorstel tot vaststelling van een verordening inzake het toekennen van een tege moetkoming in de reiskosten voor woon- werkverkeer. De voorzitter zegt dat in dit voorstel in de voorlaatste regel met 'voorzitter' bedoeld is de voorzitter van het Bijzonder Georganiseerd Overleg op dat moment. Het voorzitterschap hing nl. af van de vergaderplaats. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 10. Voorstel om toe te treden tot een gemeenschappelijke regeling inzake de ziekte kostenvoorziening voor ambtenaren ten behoeve van het personeel in dienst der gemeenten in Friesland. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 11Voorstel tot vaststelling van een Lozingsverordening riolering. Alsvoren. 12Voorstel tot van toepassing verklaren van een afvalstoffenverordening. Mefrou Bloem seit dat har fraksje bliid is dat dizze oardering oan de oarder komt. Ek is hja der bliid mei dat it kolleezje it apart opheljen fan ôffeart stvpje wol en meihelpe wol dat buorkundich te meitsjen. Wat har fraksje wol spitich fynt - en dêr kin it kolleezje ek neat oan dwaan - is, dat der allinnich mar praat wurde kin oer it óffal dat der yn de gemeente seis produsearre wurdt. Alle óffal dat oer de diken ferfierd wurdt en fan bûten de ge meente komt, hat men neat oer te sizzen. De hear De Wolf seit dat op side trije stiet, dat it kolleezje fan doel is foar bepaalde ôffalstoffen spesiale ynsammelplakken oan te wizen. It liket him fer- stannich dat der dan net yn ien kear in hiele list komt, mar dat der per kear in ûnderwerp behannele wurdt, sadat de minsken it allegear goed opnimme kinne. By de stikken, dy't op besjen lein hawwe, siet in list mei adressen, dêr't it smoargens net ophelle wurdt. Ek stiet der yn it útstel dat oan dy list taheakke is it plak dêr't dy minsken harren smoargens dan wol kwyt koene. No hat sprekker dat taheaksel net fûn by de stikken, mar hy fynt dat wol nijsgjirrich en soe dan ek jerne witte, wêr't it smoargens hinne moat. Dan freget sprekker noch oft der ek minsken frijsteld binne fan de heffing of belesting dy't hjir foar jildt. As dat sa is dan wol er ek graach witte om hokker gefallen it giet. De hear Van den Berg merkt op dat him oangeande it bedriuwsóffal de léste tiid wat opfallen is. De trije 'âlde' gemeenterieden hawwe besluten kontainers te ferhieren foar 1.300,= yn't jier. No is der benammen yn de doarpskearnen, in bedriuw dwaande mei de ferhier fan kontainers, mar wol ûnder de priis fan de gemeente. Op dy wize bliuwe de Onrendabele gebieten foar de gemeente oer. Hy freget it kolleezje dan ek oan dizze saak omtinken te jaan en te besjen wat der oan dien wurde kin. It moat net sa wêze dat de minsken op it plattelân hjirtroch foar folie hegere kosten komme te stean. De hear Van der Baan seit oer it skieden ynsammeljen dat der op dit stuit in glêsboer yn de gemeente is. Hy freget him óf hoe't it komt mei de glêsbakken as dizze man it glês ophellet. Kin de gemeente maklik fan de oerienkomst mei Holwerda, de ferhierder fan de glêsbakken, óf as bliken docht dat de glêsboer mear glês ophellet as yn de bakken te lâne komt. De hear Terra freget oft it kolleezje ek fan doel is mei it ynsammeljen fan it

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 25