- 12 - lânbouplestyk troch te gean. Dat wie in proef dy't ferline jier yn Raarderhim út ein set is. Der wurdt ek rûnora troch ferienings en skoallen âld papier ynsammele en sprekker freget yn hoefier it kolleezje dêr stipe oan jaan wol. It liket him goed ta dat it kolleezje in plak oanwiist, dêr1t de minsken ôffalstoffen lyk as oalje en ferve kwyt kinne. Soks moat net yn de grûn te lâne komme. Wethâlder Van Gorkum seit dat it ynsammeljen troch in glêsboer yndied konkurrinsje foar de glêsbakken is. Der sil nei ferrin fan tiid ris op papier setten wurde moatte hoefolle minder der yn de glêsbakken komt en dan kin bliken dwaan dat der miskien mei minder glêsbakken wurke wurde kin. It soe neffens him fierwei it béste wêze as de glêsboer alle glês ophelje koe en der alhiel gjin glêsbakken mear nedich wêze soene. Oer it ferfier fan gefaarlike stoffen oer de dyk seit sprekker dat dat op grûn fan de wet ferfier gefaarlike stoffen en de wet chemyske ôffalstoffen regele wurdt troch ryk en provinsje. Der wurdt dus wol wat oan dien, mar net troch de gemeenten. De suggestje fan de hear De Woof wol it kolleezje wol oernimme. Der moat dan noch betocht wurde op hokker wize it béste reklame makke wurde kin foar it plak dêr't de minsken it ôffal kwyt kinne, dat net yn de smoargenspüden heart. Dat moat dan op in wat yn it each springende manear. Fierder liket it him wol goed dat der earst wol in hiele list publisearre wurdt, dêr't dan letter de ünderdielen apart fan beljochte wurde. Benammen yn it súdlik part fan de gemeente is de konkurrinsjeposysje fan de ge meente oangeande it bedriuwsóffal, net sa sterk,seit sprekker. Yn it kolleezje is de êfrüne wike besletten om it mooglik te meitsjen dat de minsken betelje per kear dat in kontainer lege wurdt. Fierder is der noch in ündersyk geande nei in mooglike konkurrinsjeposysjeferbettering fan de gemeente. Oangeande de fraach fan de hear De Wolf oer de plakken dêr't it smoargens net op- helle wurdt, seit sprekker dat er net wit oft al oan dy minsken bekend makke is, wêr't hja dan mei it smoargens hinne moatte. Dat sil er neigean moatte. Dy minsken binne fierders wol frijsteld fan belesting mar net fan de heffing. Oer de fraach fan de hear Terra oer it âld papier, andert sprekker dat it kolleezje dêr mei koarten op werom komt. Wat it lânbouplestyk oanbelanget seit er, dat it kolleezje wol fan doel is om dêr mei troch te gean. Der sil moarn in petear hâlden wurde mei de Kritekommisjes fan Boarnsterhim. De hear Van den Berg tinkt dat it goed is dat it kolleezje de minsken dy't in kontainer hawwe, op de hichte stelt fan de plannen oangeande de kontainers. Hy hat nl. de yndruk dat der alle dagen nije kontrakten mei bedriuwen ôfsletten wurde en dat wurket úteinlik net geunstich foar dyjingen dy't wol by de gemeente bliuwe. Wethâlder Van Gorkum seit dat it de folgjende riedsgearkomste wer oan de oarder komme sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 13Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit ex artikel 21 van de wet op de ruimtelijke ordening voor het oprichten van garages aan de Wjitteringswei te Oldeboorn. De hear Bethlehem freget wêrom dit útstel salang ûnderweis west hat. De oanfraach fan de hearen Dijkstra en Zwanenburg datearje fan maart 1983. Oer it betingst dat de garaazjes net binnen 3 meter út de foargevelgrins oprjochfce wurde meie, bestiet noch ferskil fan ynsjoch tusken de gemeente en de oanfregers. Wethâlder Breeuwsma is der mei op'e hichte en sprekker hopet dat dit ferskil dochs oplost wurde kin. Fierder giet syn fraksje akkoart mei dit útstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 26