- 16 -
it liket him better ta dat dizze diskusje fierder fierd wurdt yn de ôfdieling.
Hjir kin it dan rêsten bliuwe en dêr kin der wat wiidweidiger oer praat wurde.
Wethâlder Van Gorkum seit dat dy opmerking fan de hear Terra fansels wol goed is
en hy is der ek wol ree ta, mar der is yn de ôfdieling fan de gemeente Idaarde-
radiel al safolle oer praat dat in opmerking as fan mefrou Aukes dat it no mar
ris praktysk besjoen wurde moat, wat nuver oer komt. Neffens him bliuwt der yn
ditsoarte kwestjes altyd ferskil fan opfetting bestean. Der sille altyd auto's
Grou yn kommen bliuwe, dy't nei de Haadstrjitte moatte of de Pikmar. Wol is er it
iens mei de gedachte fan mefrou Aukes dat'de Oostergoostrjitte net de meast fer-
kearfeilige strjitte fan Grou is.
Yn it útstel stiet ek net dat it it doel fan it kolleezje is om de ferkearsdruk
fan de Parkstrjitte te ferlizzen nei de Oostergoostrjitte. Der is allinnich
mar praat oer it parkearen foar de Pikmar, en - ek dat is net nijdat is ek al
withoefaak yn de ôfdieling bepraat - dat dat fia de Oostergoostrjitte gean moat.
Sprekt de ried lykwols út dat dat net sa moat, dan komt der gjin ferwizingsboerd.
Fierders is it sprekker net dúdlik wat mefrou Aukes bedoelde mei de útspraak "dan
maar 3 woningen minder in de Baai". Nei oanlieding fan de wet lüdhinder is der yn
it ferline besletten om ünder oaren te soarqjen dat de lûdsoerlêst troch it fer-
kear op de Stationswei safolle mooglik beheind wurde soe. It doel wie om dat troch
it asfaltearjen fan dy wei te berikken. Dêr is ek jild foar opnommen yn de be-
grutting. Mar der is net praat oer minder huzen yn de Baai.
Wat de hoeke Parkstrjitte-Haadstrjitte oanbelanget seit sprekker dat it sa út-
rekkene is dat in trailer fan 18 meter krekt troch de bocht kin. ïloat sa'n auto
wer werom dan sil dy by it ófslaan nei rjochts, yndied op de ferkearde helte fan
de dyk te lâne komme. Sprekker kin fansels net garandearje dat der net ien wêze
sil, dy't dan rjochtút giet. Om dat te ündersykjen soe der wer in proefopstelling
komme moatte, mar dat befalt net sa goed yn Grou.
Mevrouw Aukes zegt dat er van tevoren niet gesproken is over die hoek. De tekening
die voor de Parkstraat gemaakt was, houdt nl. op bij de hoek. De hoek is daarin
niet meegenomen en nu pas realiseert men zich dat een verandering van de weg ook
gevolgen heeft voor die hoek.
Verder zijn de verwijzingsborden naar het Pikmeer al geplaatst.
Wat betreft de opmerking over minder woningen in de Baai zegt spreekster, dat
die gedachte voortkomt uit een situatieschets van de Stationsweg met daarin aan
gegeven de zonering op grond van de wet geluidhinder. Bij handhaving van de
huidige verkeerssituatie en toch voldoen aan de eisen van de wet geluidhinder,
zouden de huizen aan de Stationsweg zodanig naar achteren gezet moeten worden,
dat er van de aansluitende bebouwing drie huizen zouden moeten verdwijnen. Dat
is een plan dat nog niet is vastgesteld.
Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten.
26Voorstel tot uittreding uit de Gemeenschappelijke Regeling Project Mensen
Zonder Werk Sneek en omstreken.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.
27Voorstel tot vaststelling van voorschriften ter uitvoering van de artikelen 29 en
38 van de Algemene Bijstandswet.
Mefrou Bloem seit dat hja bliid is dat ek hjir de mooglikheid fan berop bestiet
as immen it net iens is mei de útspraak oer syn oanfraach.
Oangeande de gearstalling fan de harkkommisje hat hja noch in opmerking. It liket
har net goed dat de amtner dy't de oanfraach behannele hat, ek in sit hat yn de
kommisje. Sa'n amtner is te nau belutsen by de saak en dêrom is it útstel fan har
fraksje om dy persoan net yn de kommisje te beheljen. It haad fan de ôfdieling hat
genôch kennis om de technyske saken, dy't oan de oarder komme kinne, óf te hanneljen.