- 18 - 31Voorstel tot vaststelling van het bedrag, bedoeld in artikel 55 bis der Lager- onderwijswet 1920 voor het jaar 1984. De hear Bouma seit dat syn fraksje oer in part fan dit útstel in oare miening hat. Dat is ferwurde yn it stik dat de leden yn't wykein al krigen hawwe. Mar earst hat er in pear opmerkings oer it oare part fan it útstel. Yn it berekkene bedrach per learling siet tusken de trije 'âlde' gemeenten nochal wat ferskil. (Dat is it bedrach oan onkosten foar de skoallen, dield troch it tal learlingen) It berekkene bedrach per learling foar Boarnsterhim is sawat gelyk oan it bedrach foar Raarderhim. As men dan sjocht nei de ünderdielen dêr't dat bedrach út gearstald is dan docht bliken dat benammen op de enerzjypost (fer- waarming, ferljochting en skjinhâlden) wol wat besunige wurde kin. Yn fergeliking mei Idaarderadiel is dat bedrach fan in achtste miljoen no hast in heal miljoen, wylst yn Idaarderadiel de measte skoallen wiene. Sprekker fynt dat der in enerzjy- programma opsteld wurde moat om dizze post omleech ^e bringen. Fierder hat him. bliken dien dat as it skoalskjinmeitsjen útbestege wurdt oan tredden (in skjinmakbedriuw)dat dêr net sa goed tafersjoch op hâlden wurde kin as wannear't it troch in skoalskjinmakker yn tsjinst fan de gemeente, dien wurdt. Oan sa immen kinne ek rigels steld wurde en dat kin oan in skjinmakbedriuw net. Der moat ek útsocht wurde wat dat finansieel opleverje kin. Oer de kosten foar in mienskiplike meikedizingsried yn dizze berekkening seit sprekker noch, dat der gjin bedrach foar opfierd is. Dy ried sil der sjoen de hjoeddeistige üntjouwingen dochs wol komme en dan sille der ek wol kosten makke wurde. Hy wol omtinken freegje foar de ynfolling fan in bedrach op dizze post. Hy hopet dat it bedrach per learling it oare jier leger is, as men de oanjûne suggestjes folget. Dan komt sprekker op it bedrach fan it learmiddelskredyt per learling. Dat is it bedrach dêr't de skoallen úteinlik mei wurkje moatte. Troch it kolleezje is dat bedrag op 110,= steld. Dat wvkt dan net folie óf fan it bedrach dat yn de 'âlde' gemeenten hjirfoar ornearre wie. As de ferdieling oanhâlden wurdt sa't it kolleezje dy útstelt, nl. 110 x it tal learlingen fan in skoalle, dan betsjut dat, dat in lytsere skoalle folie mear eigen ynkomsten sykje moat yn bg. it yn- sammeljen fan âld papier, as in gruttere skoalle. It útstel fan de P.v.d.A. is om in basisbedrach fan 1.600,= per skoalle út te kearen. Dat bedrach is it gemiddelde reservearringsbedrach foar duorsume learmiddels. Dat bedrach wurdt óflutsen fan it bedrach dat it kolleezje yn totaal foar de skoallen reservearre hie. It be drach dat dan oerbliuwt wurdt dield troch it totale tal bern dat op de skoallen giet. It léste bedrach is it bedrach per learling. As it bedrach per learling x it tal bern fan in skoalle opteld wurdt by de fêste útkearing, kriget in lytsere skoalle relatyf mear jild per bern en in gruttere skoalle wat minder. Dizze ferdieling liket sprekker earliker om't ek in lytse skoalle duorsume lear middels as in televisy en stensilapparatuer hawwe moat. De hear Terra seit dat der yn de kosten foar de skoallen wol mear posten opnommen binne dêr't men nochris nei sjen moat om't dy sa heech binne, as dy dêr't de hear Bouma op wiisd hat. Dit is ek wer in part fan de begrutting en sprekker hat der net goed sicht op hoe't dizze bedragen ûntstien binne. Dêrom liket it him goed dat as de begrutting oan de oarder komt, dat dan de mooglikheid bestiet om hjir op werom te kommen. Oan de hear Bouma freget sprekker oft der wol oerlis west hat mei de skoallen. Hy kin him foarstelle dat de lytse skoallen hjir tige wiis mei binne, mar de gruttere skoallen sille dat wol net sa aardich fine. De hear Van der Baan is it mei it útstel fan de P.v.d.A. wol iens. Dit plan jout de lytse skoallen de kâns om folslein mei te dwaan. It liket him ta dat oerlis mei de skoallen hjir oer net perfoarst needsaaklik is. Him tinkt dat alle skoallen it hjir wol mei iens wêze sille. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie het wel eens is met het voorstel van de P.v.d.A.,

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 32