- 5 - 11a. Voorstel tot vaststelling van een verordening op de heffing en invordering van de afvalstoffenheffing en reinigingsrechten (Verordening reinigingsheffingen) Mevrouw Aukes vraagt zich af of het college niet wat al te overhaast te werk gaat met het vaststellen van deze verordening. Haar fractie heeft liever dat de gemeente offerte vraagt bij particuliere bedrijven en die met de gemeentelijke dienst verge lijkt. De in deze verordening genoemde prijzen, zullen waarschijlijk toch hoger liggen, dan de prijzen van particuliere bedrijven en de burger wordt daar dan de dupe van. Misschien kan er ook eens gekeken worden wat het ophalen van het vuil in het watergebied oplevert als dat uitbesteed wordt aan een particulier bedrijf. In de toekomst kan misschien het ophalen van alle huisvuil door particuliere be drijven gebeuren. Als de gemeente niet kan concureren met particuliere bedrijven dan zal het de burger meer geld gaan kosten en dat is de bedoeling niet. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje fan betinken is dat it opheljen fan smoargens wol yn hannen fan de gemeente bliuwe moat en net oergean moat yn hannen fan partikulieren. Op it each liket privatisearring goedkeaper. Lykwols: wat oan de iene kant besparre wurdt, moat oan de oare kant wer útjûn wurde. Sa lang't der noch gjin wet op de grünfersmoarging is, kinne partikulieren x>p stoartplakken harren ôfeart noch wol kwyt. Dat sil aanst feroarje en dêrmei sille ek de kosten fan de partikulieren omheech rinne. De ynwenners fan it lân bliuwe ûnderwilens sitten mei it probleem om de boaiem, dy't op tüzenen plakken fer- smoarge is, te suverjen. 7 Privatisearring betsjut foar de gemeente dus in minder goede ferwurking fan de smoargens en faaks in djoere rekken efterôf. As de gemeente minder klanten kriget, komt der minder wurk by de reiniging. Wurkfolk út oare gemeenten nimt dêrmei it wurk oer fan it eigen folk, dat dêrmei wurkleas wurdt. Elke wurkleaze kostet de gemeente lykwols in knoarre jild. Goedkeap opheljen fan ôffal troch partikulieren betsjut it yn'e hân wurkjen fan eigen djoere gemeentlike wurkleazens. It soe frjemd wêze dat Halbertsma mei oer- heidsjild draaiende hâlden wurdt om de wurkleazens te bestriden en de eigen tsjinsten om in pear luzige sinten ynkrimpe. Dêrnjonken sille yn de neiste takomst foarskriften komme om de skieding fan ôffal by de boarne en it ferwurkjen fan de ôffal te regeljen. De gemeentlike tsjinst sil him oan dy foarskriften hâlde wylst by privatisearring neffens sprekker wolris amtners nedich wêze kinne om dy bedriuwen te kontrolearjen. Yn feite in fersterking fan de opiny dat wat mei de iene hân fertsjinne wurdt, mei de oare wer útjûn wurde moat. In útwreiding fan de gemeentlike tsjinst, mar no wer mei oare amtners. In ferlykjend ûndersyk tusken de gemeentlike tsjinst fan Achtkarspelen en parti- kuliere bedriuwen die útwizing dat de gemeentlike tsjinst goedkeaper wurkje koe as de partikulieren. Fierdere neifraach learde dat it leegjen fan konteners jierliks foar in bedrach fan 855 gûne dien wurde kin. Us gemeente freget 1300 gûne. Troch ü.o. de konteners tagelyk mei de hûssmoargens yn de rûte op te nimmen en troch de jiskepûden oan ien kant fan de dyk te setten kin men mei twa man op en by de wein de saak berêde. Faaks soe it kolleezje by Achtkarspelen ris ynformearje kinne hoe't hja harren systeem opset hawwe. Sprekker stelt dêrom út it foarstel fan it fêststellen fan de tariven werom te nimmen en sa gau mooglik - nei in fergeliking mei de tsjinst Achtkarspelen - te kommen mei konkurrearjende tariven. De hear Van den Berg seit dat hy dit probleem yn de foarige gearkomste nei foaren brocht hat. It útstel fan it kolleezje is no om it leegjen fan konteners per kear betelje te litten. Dêrmei is men al gau djoerder út as by in partikulier bedriuw. Dochs fynt hy dat hjir wol mei trochgien wurde moat, want troch de privatisearring sil yn it begjin wol jild besparre wurde, mar op de langere termyn koe it wolris djoerder útfalle. Fansels moat der wol besocht wurde om sa ekonomysk mooglik te wurkjen. Wethouder Poppen zegt dat het besluit zo gelezen moet worden dat het ledigen van een container 35,= excl. B.T.W. per keer kost, met een maximum van 1.300,= per jaar.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 10