- 11 - Wethâlder Van Gorkum stelt fêst dat de ried en it kolleezje it yn grutte linen wol meiinoar iens binne. Der binne in pear lytse punten dêr't wat ferskil fan ynsjoch oer is. Sprekker is it wol mei de hear De Wolf iens dat it belang fan de rekréaasje net troch de provinsje op de juste wearde skat wurdt. Dochs is der yn de rin fan de jierren troch de rekréaasjefeart in protte natuerskientme ferlern gien. Hy kin it dan ek net alhiel iens wêze mei de útspraak dat it fierder beheinen fan rekréative gebrûksmooglikheden fan wetters, wâlen en natuergebieten hyltyd minder te oanfurdzjen wurdt. Wol is it sa dat rekréaasje en natuerbehâld net los fan elkoar besjoen wurde kinne. It liket sprekker goed ta dat der yn de oandachtspunten nei D.S. ta ek opnommen wurdt dat de ried teloarsteld is dat oer de lytse rekréaasjefeart no nochris in aparte nota komme moat. Dy lytse rekréaasjefeart is net los te sjen fan wat der yn dit farwegenplan behannele wurdt en it is dan ek goed om te freegjen oft dat aparte ferhaal hjir sa gau mooglik efteroan komme kin. Om oan de ferbining Krüme Grou-Zwette (dat is foar it grutste part it Swin) de klassifikaasje CM ta te kennen, liket sprekker wat in al te hege wurdearring. It kolleezje hie seis oan de klassifikaasje D tocht om te foaren te kommen dat dit wetter alhiel út it plan ferdwine soe. De klassifikaasje CM is te heech, om't it net wierlik in alternative farwei is. Yn de twadde ôfdieling is sein dat de hichte fan de spoarbrêge einst 2.90 m wurde moatte soe, mar by neier ynsjen liket it sprekker dochs better om dy brêge op 2.50 m te hâlden (klassifikaasje BM) om't de helling fan it spoar net mei 40 of 50 sm ferhege wurde kin en as dér wol oan fêsthâlden wurdt dan koene alle plannen woIris ôfkard wurde. Fierder kin sprekker it wol iens wêze mei wat de hear De Wolf sein hat. De heer De Wolf denkt dat als de wethouder meer tijd gehad zou hebben zijn inleiding te lezen, dat hij daarin wel degelijk gelezen zou hebben dat gepleit wordt voor het behoud van het natuurschoon. Door middel van beleid, voorzieningen, voorlichting én behoud van natuurlijke waarden is de recreatieve bruikbaarheid van natuurgebied wel te vergroten. In de laatste jaren is de recreatieve waarde echter niet toegenomen, maar eerder beperkt. Gezien de voorliggende plannen zal die beperking ook nog wel doorgaan Over het Zwin is in de voorbereidingsgroep ook nadrukkelijk gesproken. Het was ook de bedoeling van die groep dat deze vaarroute een aanduiding zou krijgen, zodat er in ieder geval aandacht aan geschonken werd. Als het college van mening is dat de kans op het verkrijgen van aandacht voor deze vaarroute groter is, als de klas sif icatie D wordt aangehouden, dan wil spreker daar ook wel mee akkoord gaan. De hear Damsma seit dat hy it folslein iens is mei wat de hear De Wolf sein hat. Oangeande it Swin wol hy der nochris de klam op lizze dat as dy farwei yn it far wegenplan net neamd wurdt, hy dan alhiel ferdwynt. Ek út it streekplan, om't dit farwegenplan tagelyk in wiziging is fan it streekplan. Dizze Swin-farwei kin ek sjoen wurde as in spriedingsfarwei. It hoecht dan net in alternative farwei te wurden foar alle rekréaasjefeart, mar in farwei dy't spesiaal ornearre is foar de lytste boatsjes. Dêrmei wurdt it Prinses Margrietkanaal dan ek al wat ûntlêste. Wethâlder Van Gorkum stelt dan út om as réaksje nei Deputearre Steaten ta op te nimmen dat de ried fan mièning is dat de Swin-farwei foarearst de klassifikaasje D hawwe moat en dat der yn de takomst neier besjoen wurde moat oft dy farwei útwreide wurde moat ta alternative farwei of dat it in farwei foar lytse boatsjes bliuwe moat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten, met dien verstande dat daarin de opmerkingen van wethouder Van Gorkum betreffende de aparte nota over de kleine recreatievaart en de Zwin-route worden meegenomen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 16