- 14 - kediist as de ynstânsje dêr't it berop tsjin rjochte is. Fierder heart it foech om te kedizen oer meardere rekréative oanlisplakken by in simmerhûske ensf. ek by de gemeente thús en dat makket deproseduere ek al wer hiel- wat koarter. Oer de fêste lisplakken yn it bûtengebiet is sprekker fan miening dat dy lisplakken sa'n 7â8 jier ferlyn al ferdwine moatten hiene, mar doe woe men dat net en no't it safier is dat it moat, wurdt der konstatearre dat it de tiid net is, mar dat it sa'n 7ä8 jier ferlyn barre moatten hoe. It is spitich dat dat dan sa konstatearre wurde moat. De hear De Wolf heart út de wurden fan de wethâlder dat dy it wol iens is mei it tastjoeren oan oare gemeenten en dat dan te dwaan yn de foarm fan in moasje. It liket sprekker net sa maklik ta om dat no yn de gearkomste gau efkes te formulearjen. Hy tinkt dat it better is dat it kolleezje hjir in koarte gearfetting fan makket, dy't oan alle rieden tastjoerd wurdt en as it nedich is, dat it folsleine ferhaal der letter efteroan giet. De koarte termyn fan ynstjoeren fan in réaksje oan De- putearre Steaten hat foar sprekker net safolle wearde om't dit punt meikoarten ek yn de steatenkommisje oan de oarder komt. As dy kommisje in kopy kriget fan dizze réaksje mei de opmerking dat it ek oan alle oare gemeenten tastjoerd is, dan wit dy kommisje ek wol dat der noch mear komme kin. It liket sprekker net ta dat de steatenkommisje samar om de réaksje fan de grutste wetterrekréaasjegemeente hinne gean sil. Fierder is hy bliid dat de wethâlder wol foar in >beropsproseduere is. Problemen dy't op koarte termyn oplost wurde moatte hawwe op it wetter meastentiids mei de farrigels te krijen en dat wurdt regele yn it Wetterreglemint. It sil foar dizze oardering meastentiids del komme op problemen as it skieden hâlden fan swimmers en surfers, mar dy binne net sa driuwend. Wat de léste opmerking fan de wethâlder oanbelanget seit sprekker dat it net sa wie dat de gemeente net woe. De provinsje hat yn dy tiid it oanlizzen op dy plakken dêr't it net folie skea koe, ferbean mei in tige yngewikkeld üntheffingensysteem. Dat hie fan gefolgen dat de minsken plak sochten yn it tige kwetsbere bûtengebiet, dêr't it oanlizzen net ferbean wie. Hy fynt dat it wat te fier giet om dan no te sizzen dat de gemeente doe net woe. It is better te sizzen dat it doe net handich genôch oanpakt is. Wethâlder Van Gorkum stelt út om oan de gemeenterieden in koart briefke te stjoeren mei de haadpunten, it gemeentlik foech en de rjochtsgong, motivearre oanjûn en puntsgewiis de oare ûnderdielen mei de opmerking dat dêr ek krityk op wie. Oan Deputearre Steaten moat dat dan wiidweidiger tastjoerd wurde mei in motivaasje dêr't ek de trant fan de diskusje yn nei foaren komt. De hear Damsma fynt dat yn dizzen de tiidsfaktor net in oerhearskjende rol spylje hoecht. De gemeentlike réaksje kin bést in wike letter komme, want dy wurdt dan noch wol meinommen. Wethâlder Van Gorkum tinkt dat sawat alle oare gemeenten al wol réagearre hawwe of al in réaksje klear hawwe. Fansels is it better let, as net. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel zoals wethouder Van Gorkum dat geformuleerd heeft, besloten. 26. Voorstel tot verhoging van de tarieven van gemeentelijke sportaccommodaties en schoollokalen. Mefrou A. Zijlstra seit dat har fraksje it wol iens is mei de ferheging fan 3%. Dochs moat der, as der letter yn de yn te stellen sportried, oer de tariven praat wurde sil, wol rekken mei hâlden wurde dat der no 3% bykommen is. Oangeande de tariven foar de gymnastyklokalen is sprekster fan betinken dat it taryf fan 3,75 foar it. lokaal yn Terherne yn fergeliking mei de tariven foar

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 19