- 15 - Akkrum en Boarn 3,=) fierstente heech is. Om't it doarp ek safolste lytser is, sille de gebrûkers mear betelje moatte. Hja freget har óf wat it kolleezje dér fan fynt. De hear Damsma hat alle wurdearring foar de iver fan it kolleezje om alles sa gau mooglik op in rychje te krijen. Lykwols moat der ek net al te hastich hannele wurde, want oangeande dit útstel hat sprekker in skriuwen fan de sportried fan Utingeradiel hân, dy't him óffreget wat dit ynhâldt. It liket sprekker better ta dat dit útstel dat oer in taryfsferheging giet, oanhâlden wurdt, oan't der in begrutting bekend is. Dan kin der ek besjoen wurde oft de tariven yndied ferhege wurde moatte. Mevrouw Aukes zegt dat het misschien verstandig is dat het college voortaan aan zo'n werkgroep als de sportraad van Utingeradeel, laat weten wat de bedoeling is. Ook die mensen willen graag weten wat de gemeente van plan is. Wethâlder Van Gorkum seit dat it stik oer de ynstelling fan ü.o. de sportried benei yn konsept klear is. It kin miskien de folgjende gearkomste oan de oarder komme, mar dat is net wis. Der hat gjin kontakt mei dy wurkgroep west om't it hjir net giet om it fêststellen fan belied, mar om in taryfsferheging. Dy taryfsferheging is needsaaklik, want as der op de begrutting wachte wurdt, rint men de kâns dat de tariven yn ien kear mei mear as 3% ferhege wurde moatte. Oan de ein fan dit jier moat der dan in petear komme mei de sportried oer it te fieren belied en de tariven dy't lyk steld wurde moatte. Wat it taryf foar it gymnastyklokaal yn Terherne oanbelanget is sprekker fan betinken dat it net goed is om no ien der út te heljen en dêrfan de priis te ferleegjen. Dit moat ek yn de sportried bepraat wurde en dan kin it bést wêze dat der it oare jier minder betelle wurde moat. De hear Damsma hâldt fêst oan syn útstel om de taryfsferheging dochs oan te hâlden oan't nei de fêststelling fan de begrutting en ek in petear te hawwen mei de wurk groep dy't it brief skreaun hat. Het voorstel van de heer Damsma ondervindt niet voldoende steun om in stemming gebracht te worden. Mefrou A. Zijlstra stelt út om de priis foar it lokaal yn Terherne mei in gûne te ferleegjen, om't dy priis net yn ienige ferhâlding stiet ta de oare prizen. De voorzitter antwoordt dat. het verlagen van één tarief het hele systeem doorbreekt. Er is nu gekozen voor een verhoging van 3% voor alle tarieven. Er zijn waarschijn lijk wel meer 'onbillijke' tarieven, maar het is beter dat die tarieven allemaal tegelijk bekeken worden. Mefrou A. Zijlstra tinkt dat de foarsitter gelyk hat en lûkt har útstel yn. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten, met dien verstande dat de fractie van de F.N.P. wordt geacht te hebben tegen gestemd. 27. Voorstel tot vorming van openbare basisscholen in de gemeente Boornsterhem met ingang van 1 augustus 1985. De hear Bouma fynt dat dizze problematyk op in dúdlike wize beskreaun stiet yn it útstel, en dat is wol in komplimint wurdich. Hy is fan betinken dat der in goede wet opsteld is, wêrtroch de bern oan't 12 jier ta in goede oplieding krije. Wat no sa spitich is, neffens sprekker, dat is dat de foarsjennings dy't by de útgongspunten fan dizze wet hearre, der net komme. Dêrtroch is de kâns grut dat de útfiering net sa wurde sil, as mei de goede foarsjennings wol mooglik wêze soe. Spitigernóch is de oergongsregeling, dit spriedingsplannet sjoen fanút it bern mar fanút de finansiën. It is der op rjochte dat de lytste

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 20