- 16 - skoallen ferdwine. Boarnsterhim is noch sa gelokkich dat it alle skoallen hâlde kin. Sprekker fynt it spitich dat sa'n goede wet dochs noch dizze útwurking hawwe moat. Mevrouw Aukes is het wel met de heer Bouma eens. Het is een hele goede wet, maar helaas ontbreekt de financiële dekking. Toen deze wet een paar jaar geleden werd opgesteld, is men er waarschijnlijk vanuit gegaan dat de financiën geen problemen zouden opleveren. Spreekster hoopt dat er toch nog een oplossing komt voor dat pro bleem. De hear Van der Baan tinkt dat it goed is dat it kolleezje no al kontakt opnimt mei de Cenaco, om yn't foar ófspraken te meitsjen oer it mooglik ferdwinen fan skoallen. Der hawwe mear gemeenten west dy't dat dien hawwe. As der yn in doarp in iepenbiere en in bysûndere skoalle is, kin men better no al fêst lizze hokker skoalle bestean bliuwe moat. Dêrmei wurdt in protte diskusje tefoaren kommen. Nei oanlieding fan wat de hear Bouma sein hat tinkt wethâlder Van Gorkum dat der besocht wurde moat om mei de beheinde middels dy't men hat, de útfiering fan dizze wet dochs sa goed mooglik te réalisearjen. Net allinnich it basisünderwiis sit mei finansiële problemen, ek foar it fuortsetünderwiis steane besunigingen te wachtsjen. Ut ynformaasje dy't fan de bysûndere skoallen kommen is, docht bliken dat dêr gjin skoallen ferdwine sille. As it driget dat der in skoalle oer in pear jier opheven wurde sil, dan liket it sprekker wol goed ta dat der oer praat wurdt. Hy tinkt dat it net goed is om no oer sa'n tear punt te praten, dat miskien nea oan de oarder hoecht te kommen. De hear Stallinga is it mei de wethâlder iens dat men net earder mei sokke petearen begjinne moat, dan dat der ek in oanlieding ta is. De hear Van der Baan tinkt dat men better prate kin as it net in driuwende kwestje is. As it opheffen fan in skoalle spilet sil elts oan syn ein fêsthâlde. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 28. Voorstel tot medewerking bij de stichting van een bijzondere basisschool te Wartena. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 29. Motie van de P.v.d.A. aangaande de aanleg van een fietspad langs de weg Irnsum-Akkrum. De voorzitter vraagt of de raadsleden bezwaar hebben tegen het aan de agenda toe voegen van dit punt. Dat blijkt niet het geval te zijn. Daarna geeft spreker het woord aan mevrouw A. Zijlstra voor een toelichting. Mefrou A. Zijlstra seit dat dit fytspaad yn it konsept-fytspadenplan fan de pro- vinsje fan 1979 net foar kaam, wylst der earder wol in plan west hat. Troch aksjes fanút de befolking, organisaasjes en gemeenten is dit paad wol opnommen yn it fytspadenplanEk is dit fytspaad it léste stik dat oanlein wurde moat tusken ft Hearrenfean en Ljouwert. Fan de dyk Jirnsum-Akkrum wurdt troch in protte skoalbern gebrük makke. Der barre dan ek gauris lytse en sa no en dan ek gruttere Ongemakken. Rykswettersteat soe de oanlis fan it fytspaad réalisearje, mar sprekster hat de yndruk dat it de léste jierren net sa avensearret by Rykswettersteat. Dêrom wol har fraksje troch dizze moasje it kolleezje freegje by Rykswettersteat der op oan te stean dat it fytspaad sa gau mooglik oanlein wurdt. De voorzitter constateert dat door middel van de volgende motie het college wordt opgedragen stappen te ondernemen: "De raad van de gemeente Boornsterhem, in vergadering bijeen op 20 maart 1984,

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 21