i(grîp> 34a. Utstel om in ekstra kredyt te fer- linen foar de iepenbiere legere skoalle "It Tredde Sté" yn Jirnsum. GEMEENTE BOOPNSTERHEM Oan de gemeenteried. Grou, 13 juny 1984. By brief fan 8 febrewaris 1984 dielt it haad fan de iepenbiere skoalle foar gewoan leger underwiis "It Tredde Sté" yn Jirnsum us kol- leezje mei, dat dizze skoalle hjoeddedei net mear mei komme kin, wat it fak Frysk oanbelanget. De boekjes en methoaden binne allegearre noch printe yn'e âlde stavering en foldogge net mear oan'e easken en noarmen fan goed lesmateriaal. Foar it oantugen fan nij lesmateriaal foar it fak Frysk -spesifisearre yn in taheakke list- freget it skoal- lehaad om in ekstra kredyt fan 3.971 ,90. Oerlis oangeande dizze oanfraach mei de ynspekteur fan it beuker- en leger underwiis hat laat ta in nije oanfraach fan de kant fan de skoal le, datearre 16 mei 1984. Yn dit nije fersyk, dat krekt as it earder neamde fersyk foar jimme by de riedsstikken op besjen leitgiet it om in ekstra kredyt fan 3.006,15 en dat betsjut in besuniging fan liker- nôch 1.000,965,75). Neffens syn skriuwen fan 24 maaie kin de ynspekteur him mei de nije begrutting ferienigje. Om't it tastean fan dit fersyk de normale easken fan it leger underwiis net te boppe gean, stelle wy jimme út, yn dit ferbân in ekstra kre dyt beskikber te stellen fan 3.006,15 en dêrta in beslut te nimmen, wêrfan it konsept by de riedsstikken foar jimme op besjen leit. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 102