- 7 - Wat noch wichtiger is, is dat der njonken it bedoelde terrein in spuiterij stiet. Yn sa'n bedriuw kin men gjin stof of sân brûke. As it sa troch giet kin der ek noch wolris skeafergoeding frege wurde, as de spuiterij troch stowend sân alles skjin meitsje moat. Sprekker wol it kolleezje dêrom de suggestje dwaan om de grûn dy't opslein wurde sil, te brüken foar it opheegjen fan de berm fan de Mardyk. Dat is in lyts dykje by de Snitsermar lâns. Der binne in protte swimmers en surfers dy't harren autos oan dat dykje delsette, wat fan gefolgen hat dat in boer dy't der ek wennet, net mear berikber is en ek seis mei de masines der net lâns kin om yn syn lân te kommen. Yn de ried fan Raarderhim is hjir ek al gauris oer praat. Wethâlder Breeuwsma seit dat der yn elts gefal besjoen wurde moat om hokfoar grûn it giet. As it yndied stowe kin, dan soe it better wêze dat it net op it yndustryterrein opslein wurdt. It is net it doel dat oare bedriuwen der lést fan hawwe sille. Fierder is sprekker wol ynnommen mei de suggestje fan de hear Terra. Der sil útsocht wurde wa't de bjirmen en de dyk beheart en wat de moog- likheden binne foar opheegjen. De hear Terra tinkt dat Rykswettersteat of it Wetterskip Fryslân it behear hawwe oer it dykje en de bjirmen. It liket him fierder goed ta dat as it net slagget om de grûn foar dat dykje te brüken, dat der nei oare plakken omsjoen wurdt. Wethâlder Breeuwsma seit dat der nei oare oplossings socht wurde sil, mar hy kin net tasizze dat dy grün no perfoarst net mear op it yndustryterrein telâne komme sil. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 6a. Voorstel tot het aantrekken van een geldlening van 2.000.000,=. De foarsitter seit dat der foar dizze liening twa offertes frege wiene, mar dat ien fan beide ynstânsjes net in offerte jaan woe yn ferbân mei de ûnwisse situaasje fan de jildmerk. Fierder seit hy op in fraach fan de hear Damsma dat dy 2.000.000,= wol genôch is. Zonder nadere discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 7Voorstel tot het veranderen van de bestemming van gelden uitgetrokken voor de aanschaf van een VW-pick-up. De hear Damsma fynt it wat frjemd dat Idaarderadiel ein desimber 1983 noch hastich in beslút nimme moast oer de oanskaf fan in auto, dy't net kocht is. No wurdt dat feroare yn trije oare auto's. De foarsitter andert dat men better bliid wêze kin dat dat jild doe útlutsen is, sadat der no ferfier foar de wurknimmers oanskaft wurde kin. Zonder nadere discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 7a. Voorstel tot het garanderen van een door de Stichting ter Behartiging van de Sportbelangen in de Lege Geaën te Sijbrandaburen te sluiten rekening-courant overeenkomst Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 8Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening voor de Kom van het dorp Akkrum. Alsvoren.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 11