- 8 - 9Voorstel tot het nemen van twee voorbereidingsbesluiten op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. De hear Damsma freget oft der twa bestimmingen lizze op it perseel oan de Leppe- dyk te Akkrum. Wethâlder Breeuwsma seit dat der nea twa bestimmingen op ien perseel lizze kinne. It giet hjir om in stik grûn dat noch net ûnder it bestimmingsplan "Bütengebiet" fait. Yn dat plan binne bepaalde stikken grûn noch net opnommen om't der beswieren tsjin wiene en stikken dêr't no buorkerijen steane dy't miskien ferfongen wurde sille troch wenhuzen. It liket de hear De Wolf goed ta dat it kolleezje tenei yn de stikken net mear it wurd "vigerend" brükt, om't dêrtroch de betizing ûntstien is. It is better om yn in Nederlânsk útstel it wurd "geldend" en yn in Frysk útstel it wurd "jildend" te brûken. De hear Bethlehem seit dat der yndertiid oan buorkerijen dy't net mear as sadanich brükt waarden de bestimming "Eensgezinshuizen categorie El" jûn is. Dat jout yn dit gefal wat betizing. Wethâlder Breeuwsma seit dat it sa is as de hear Bethlehem seit. It giet om pleatsen dy't net mear as bedriuw brükt wurde. De fraach wie doe oft dy kategory deselde rjochten hawwe moast as pleatsen dy't wol as bedriuw yn gebrûk binne. Fierder is hy it mei de hear De Wolf iens dat it better is om Nederlânske of Fryskewurden te brûken, mar de riedsleden wurde wol achte te witten wat in wurd as "vigerend" betsjut. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 10Voorstel tot het beschikbaarstellen van een krediet voor verkeersmaatregelen en herinrichting Terhorne (aansluitend op de rioleringswerken) Mefrou A. Zijlstra seit dat har fraksje bliid is mei dat ütstel. De hjiryn neamde maatregels binne yn goed oerlis mei de befolking en doarpsbelang opsteld. Mei de nije oanklaaiing fan it doarp moat der lykwols om tocht wurde dat de bedriuwen yn de Buorren goed berikber bliuwe. Fierder is it goed dat it ferkear oan de noardkant, ear't dat it doarp yn komt, wat ôfremme wurdt. Hja freget oft der fan de Jousterkant óf ek soksoarte maatregels noch troffen wurde sille. Mefrou Watzema seit dat dizze maatregels de libbenstier fan it doarp ten goede komme. Der bliuwe lykwols noch in protte winsken lizzen. Hja hopet dat der yn i de takomst as dat finansieel mooglik is, noch mear winsken ferfolie wurde sille. Sprekster wol ek omtinken freegje foar it fersyk fan de bewenners fan it Küpers- leantsje foar in paad by de wei nei it Küpersfintsje. Benammen simmerdeis mei alle besikers is de situaasje dêr net altyd like feilich. Hja freget oft it kolleezje dat brief nochris besjen wol. Der hoecht neffens har ek net sa'n djoer paad te kommen as yn it útstel oanjûn is. De hear Damsma kin him wat it fersyk fan de bewenners fan it Kûpersleantsje oan- belanget wol by mefrou Watzema oanslute. Hy fynt ek dat dat fersyk nochris besjoen wurde moat. Men hat no de kâns om op de goedkeapste manear dêr in paad oan te lizzen en dan moat dat ek dien wurde. Fierder kin der dan ek foar de earste kear feitlik wat dien wurde oan it handikaptenbelied. It kolleezje hat it yn it útstel oer it meitsjen fan in "rustig wandelgebied". Sprekker freget him óf wêrom dat dan net útwreide wurdt nei it simmerdeis sa drokke Küpersleantsje. Hy wol fierder graach witte wat de kosten binne as der fan de totale kosten de kosten fan de oanbeane selswurksumens óflutsen wurde. Ek fynt er it spitich dat

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 12