- 10 - regels dy't troch it ryk oplein binne en dat hâldt ek in iepenbiere oanbesteging yn. Dêr kinne gjin easken by steld wurde oangeande it tal wurkleazen dat oan't wurk holpen wurde moatte soe. Wol is it kolleezje fan doel om by de oanbesteging mei de oannimmer in petear te hawwen en dêryn sil dúdlik makke wurde dat as dy oannimmer noch ferlet hat fan minsken, dat de wurkleazen út de gemeente fuort beskikber binne. Fierder binne de plannen foar de rekonstruksje oangeande de drege krúspunten yn oerlis mei de provinsje en it Regionaal Orgaan foar de Fer- kearsfeiligens opsteld. Mevrouw Aukes zegt dat nu de grondaankopen nog niet rond zijn, volgens haar, ook nog niet met de aanbesteding kan worden begonnen. Zou dat wel gebeuren dan kan het zijn dat de subsidiërende instanties alsnog subsidie weigeren. De hear De Wolf freget him óf oft der yn dy foarljochtingsjün ek noch in elemint fan ynspraak sit. De foarsitter andert dat it der yn it foarste plak om giet om de fragen fan de minsken te beänderjen, mar as der suggestjes nei foaren brocht wurde, sil der fansels besjoen wurde oft dy ek meinommen wurde kinne. De hear Damsma seit dat dy grûnoankeapen wol needsaaklik binne om't de dyk sa't dy der no leit net breed genóch is om de rekonstruksje yn de besteande linen út te fieren. Fierder liket it him in goede saak dat dy foarljochtingsjün der komt. Dêr sille in protte fragen fan de bewenners beändere wurde kinne. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 12. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een aanvullend krediet ten behoeve van dorpsvernieuwing Oldeboorn (beschermd dorpsgezicht) De foarsitter seit dat it útstel op side trije wêze moat dat der in kredyt fan 168.010,= beskikber steld wurde moat, wêrfan foar rekken fan de gemeente 84.005,=. De hear Bethlehem is bliid dat der mei tastimming fan de provinsje yn de begrutting skood wurde mei, sadat dit dochs troch gean kin. Fierder hat sprekker der ek gjin muoite mei dat it Meijerfûns hjirfoar brûkt wurdt. De hear Damsma freget him óf wat no krekt de doelstelling fan it Meijerfûns is. Wethâlder Breeuwsma seit dat dit füns net foar in fêst doel brükt wurde hoegde. It wie bedoeld foar eat dêr't grutte belangstelling foar is en dêr soe it behâld fan it doarpsgesicht ek ûnder brocht wurde kinne. It wie ek net perfoarst needsaaklik om dit füns noch langer yn stân te hâlden en foar dit projekt fan doarpsfernijing wie it mar goed dat dit füns noch bestie. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Hjirnei ferskoot de foarsitter de gearkomste foar in pypskoft. De foarsitter iepent de gearkomste op'e nij en stelt oan de oarder punt: 12a. Voorstel tot het verstrekken van een krediet ten behoeve van de le fase plan "de Baai" te Grouw. De hear Damsma freget him óf no't de earste huzen yn dit plan klear binne, wannear't der mei de oanlis fan de strjitten begûn wurde sil. Dit útstel om foar de oanlis fan strjitten in kredyt beskikber te stellen sil earst ek noch nei Deputearre Steaten ta moatte. De foarsitter andert dat der sa gau mooglik mei de oanlis fan de strjitten begûn

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 14