- 14 - Het lijkt spreker goed dat de raad daarvan doordrongen is om te voorkomen dat er later opmerkingen komen over zaken die nog niet afgewikkeld zijn vanwege het tijdgebrek. Aan de P.v.d.A. heeft hij dan nog de vraag welke status de eventuele commissie ad hoe zou moeten krijgen. Mefrou Bloem seit dat it har it beste ta liket dat it in kêst 62 kommisje wurdt. Wethâlder Breeuwsma seit dat hy der wol muoite mei hat dat dizze kommisje ad hoe sa offisieel as kêst 62 kommisje fungearje moat. As it as wurkgroep kind hie, dan hie hy noch wol dêrta oer gean kind om mei dat útstel mei te gean, mar no bliuwt hy efter it kolleezje-útstel stean. Vervolgens wordt overgegaan tot stemming over het voorstel van de P.v.d.A. om over te gaan tot de instelling van een emancipatiecommissie ad hoe. Het voorstel wordt aangenomen met 10 stemmen voor en 5 stemmen tegen. De tegenstemmen zijn van de dames Aukes en Watzema en de heren Breeuwsma, Terra en De Wolf. Hjirnei stelt mefrou Bloem as kandidaat foar de kommisje mefrou S. Zijlstra. Om't der gjin oare kandidaten steld wurde tinkt de foarsitter dat de oare fraksjes harren hjiroer earst nochris beriede moatte. De hear Van den Berg fynt it spitich dat de oare fraksjes gjin kandidaten stelle kinne op dit stuit. Hy hopet dat ek yn dizze kommisje de gearwurking tusken de ferskate fraksjes ta stân komme kin. Hy tinkt ek dat de tinkwize oer dizze ma- tearje dochs net sa fier út inoar lizze. It giet fierder om in kommisje dy't yn in betreklik koart tiidsbestek mei in notysje komme moat. De hear Damsma seit dat hy op dit stuit sa net sizze kin, oft der in fertsjint- wurdiger fan syn fraksje komme kin. Hy moat dêr earst neier oerlis oer ha mei syn fraksjegenoatIt liket him goed ta dat it kiezen fan leden yn dizze kommisje. útsteld wurdt oan't de folgjende gearkomste. Wethouder Poppen denkt dat uitstel tot de volgende raadsvergadering een te groot tijdsverlies zal betekenen, gezien de tijdstelling van de commissie. Hij vindt het jammer dat er op dit moment niet meer kandidaten gesteld worden voor deze commissie. In de samenstelling is voldoende^ruimte gegeven voor een vertegenwoordiging uit de raad. Omdat het een commissie op grond van artikel 62, tweede lid, geworden is, is de commissie een adviescommissie aan B. en W. Het staat het college derhalve vrij om raadsleden te verzoeken zitting te nemen in deze commissie. Om't der noch gjin oare kandidaten steld wurde, seit de foarsitter dat it kolleezje besykje sil dizze kommisje op koarte termyn gear te stallen. 14a. Voorstel inzake het instellen van een commissie Welzijnswerk Boornsterhem, en het benoemen van de leden van deze commissie. De foarsitter seit dat hoewol net alle nammen noch bekend binne, it kolleezje dochs jerne dizze kommisje ynstelle wol. Yn de rin fan de middei is troch pleatslik belang fan Aldeboarn noch de namme fan mefrou De Groot-Hoekstra trochjûn. Mefrou Watzema fynt de hiele gong fan saken oangeande de kandidaatstelling net terjochte. Oan de foarlopige fertsjintwurdigers is frege om oan pleatslik belang fan it eigen doarp te freegjen in kandidaat te neamen. It liket har ta dat dat better skriftlik regele wurde kind hie. Dat it mûnling gien is sil ek wol de reden wêze wêrom noch net alle doarpen in kandidaat steld hawwe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 18