- 17 - en onderdrukkend systeem. (De hear Bethlehem: Mar hja drige net mei kearnwapens en dat dogge jo wol. De hear De WolfDat dogge hja wol!) Dit systeem, zo vervolgt spreker, is principieel uit op wereldheerschappij. Het vindt daarbij alle machtsmiddelen gerechtvaardigd. De bewapening gaat in razend tempo en voor volkerenmoord wordt niet teruggedeinsd. Toch wordt er binnen het Warschaupact niet tegen deze gang van zaken geprotesteerd. Binnen het Navobondgenootschap worden wel leden tot de orde geroepen, als dat nodig is. Verder vindt spreker de aangeboden vlag een grote karikatuur van de Nederlanden. Op de witte vlag van de capitulatie voor het communisme staat een vrouw in kleder dracht afgebeeld die tegen een raket en daarmee tegen de democratie, de vrede en de vrijheid aanschopt.- Spreker heeft meer vertrouwen in het Navobondgenootschap met al zijn 'lek en brek' en hij hoopt nog tot in lengte van jaren in alle vrijheid de Nederlandse of Friese driekleur te kunnen laten wapperen. Zijn fractie is tegen het voorstel van het college en hij vraagt of er over het voorstel gestemd kan worden. De hear Bouma seit dat dejingen dy't de macht hawwe altyd tsjin aksjes binne dy't bedriigjend binne foar harren macht. It doel fan dit útstel is net om te kiezen foar of tsjin it ien of oare machtsblok en ek net om de gemeente oer te leverjen oan in machtsblok. Troch dit beslut mei de dêroan ferbûne died,wol net allinnich de mearderheid fan de ried, mar neffens sprekker ek de mearderheid fan de befolking fan Boarnsterhim dúdlik meitsje, dat de machthawwers fan sawol East as West troch it skermjen mei kearnwapens, op in doelleaze wei binne. Der binne gjin saaklike belangen oan ferbûn, mar dochs is dizze gefoelsmjittige saak net allinnich foar sprekker, mar faaks foar it grutste part fan de befolking fan Boarnsterhim fan grut belang, om't it giet om libben en dea. Dy miening mei dan neffens him ek wol útdroegen wurde troch it pleatsen fan de buordsjes. Hy is it dan ek iens mei it útstel fan it kolleezje en hy wol de ried freegje as it kin op 12 maaie sa folie mooglik oanwêzich te wezen by de pleatsing fan dizze buordsjes. Fierder woe syn fraksje oan it kolleezje de suggestje mei jaan om ris te besjen oft it ek mooglik is om sokke buordsjes bylâns de wetterwegen op de grinzen fan de gemeente te pleatsen, sadat op noch gruttere skaal de mening fan de befolking útdroegen wurde kin. De hear Damsma is fan betinken dat elts foar himsels ferantwurdlik is yn dizze saak. De buordsjes hawwe in sinjaalfunksje nei de hegere oerheid ta. Fierder hat hy alle respekt foar it stribjen fan it I.K.V. Neffens him docht it ek fertuten en wurde der hyltyd mear minsken harren bewust fan de effekten fan de kearnwapens. Yn Noarwegen en Denemarken wurde ek gjin kearnwapens pleatst en dochs binne dat ek goede Navolannen. It liket sprekker ta dat it net pleatsen fan dy wapens yn Nederlân strategysk besjoen, dan ek gjin gat falie litte sil yn de ferdigening. De hear Terra seit dat it hjir om in swierbeladen matearje giet. It giet om ôfgryslike wapens dy't pleatst wurde moatte om beskerming te bieden. De fraach is hoefier dêrmei gien wurde moat. Foar himsels hoege se der net te kommen. It pleatsen fan buorden is foar him in manear fan uterjen, mar it seit him alhiel neat. Neffens him moat der begûn wurde fanút de minsken seis. Respekt hawwen foar it libben en de miening fan oare minsken soe der neffens sprekker ta liede kinne dat der miskien net iens mear praat wurde hoegde oer kearnwapens. De foarsitter seit dat er it spitich fynt dat net eltsenien hjir it selde oer tinkt. Troch it pleatsen fan dizze buordsjes hopet de mearderheid fan it kolleezje in lytse bydrage te leverjen oan it miskien net pleatsen fan de kearnwapens yn ús lân en hooplik ek yn oare lannen. Der sil yn it kolleezje noch praat wurde oer it al of net pleatsen fan buordsjes bylâns de wetterwegen en de ried sil op de hichte brocht wurde fan de útslach.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 21