- 20 - it liket him fan belang dat de skoallen ynspylje op de ûntjouwingen yn de maat- skippijDêrta hearre ek de politike fraachstikken. Nei de twadde wrâldkriich hat der noch net in ûnderwerp west dat it lân sa yn oerstjoer brocht hat as krekt it foarnimmen om kearnwapens te pleatsen. It liket him ta dat de ûnderwizers net iens de kâns krije sa'n ûnderwerp net te behanneljen. De âldelju hawwe ynspraak yn it skoallewurkplan. Yn dat plan wurdt ek it ferbân mei ús maatskippij lein. It kolleezje tinkt dat it net needsaaklik is om de âldelju foar alle te behanneljen politike saken yn te skeakeljen. Dat hinget óf fan de wize wêrop oandacht oan sokke saken bestege wurde sil en de ôfspraken dy't der oer makke binne yn it skoallewurkplan. De leden fan it kolleezje fiele harren emoasjoneel belutsen by dizze saak en dêrom sille hja dat oaren net yn negative sin oanrekkenje. Mevrouw Aukes zegt,dat het college door de beantwoording van de vragen niet de bezorgdheid bij haar fractie heeft weggenomen. Het lijkt spreekster dat het college wel degelijk zorg moet hebben voor de door de vakbond aangekondigde acties. De arbeidsvoorwaarden zijn niet het onderwerp van de werkonderbrekingen en omdat het college toch ook verantwoordelijk is voor het openbaar onderwijs, vindt spreekster dat het college hier wel de nodige aan dacht aan moet geven. Verder zegt spreekster dat haar fractie geen kennis heeft van de inhoud van de lesbrieven en dus geen oordeel kan geven over de objectiviteit van de inhoud. Het onderwerp van die lesbrieven is echter het thema: Wat is er deze week aan de hand? Daarmee wordt de actieweek van 6 tot 12 mei bedoeld. Het lijkt haar duidelijk dat die brieven zullen handelen over de acties die er in die week zullen zijn. Het gaat haar wat te ver dat een vakbond zich op deze manier met de inhoud van het openbaar onderwijs bemoeit. Er kan, volgens spreekster, van objectiviteit bij de A.B.O.P. geen sprake zijn, omdat de bond een paar jaar geleden een hele duidelijke resolutie heeft aangenomen die gericht is tegen het Navolidmaatschap en de bemoeienis van buitenlandse mogend heden op militair terrein. Het lijkt haar dat de bond vanuit deze gedachte ook de lesbrieven zal opstellen, waardoor deze zaak zeer eenzijdig belicht zal worden. Dat kan schade toebrengen aan de beginselen van het openbaar onderwijs. De hear Bouma is tige fernuvere oer de fraachstelling fan de V.V.D.-fraksje oer dizze matearje. Hy is der wat bang foar dat hjir besocht wurdt politike munt te slaan út in aksje dy't troch in fakbûn opset wurdt. It doel fan alle aksjes yn de aksjewike is om dúdlik te meitsjen hoe't der troch in part fan de Nederlanners tocht wurdt oer de nijste kearnwapens. Troch in wurk- groep fan it A.B.O.P. binne lesbrieven opsteld oer dizze matearje, rjochte oan de ûnderwizers, om't men der op de skoallen net oan üntkomme kin dat der oer dizze matearje praat wurdt. Fierder is it perfoarst net it doel fan it A.B.O.P; om har miening troch de bern út drage te litten. Sprekker tinkt dat de V.V.D. troch de fraachstelling beswier meitsje wol tsjin de aksjes dy't fierd wurde sille en dat hja derby de objektiviteit as driuwfear brûke. Troch de ütspraak fan de V.V.D. dat hja bang binne dat troch de hannels- wize fan it A.B.O.P. de goede namme fan it iepenbier ünderwiis skeind wurde kin, liket it sprekker ta, dat it de V.V.D. is dy't de goede namme fan it iepenbier ünderwiis te grabbel goait. Dat it kolleezje ferantwurdlik is foar de goede gong fan saken op de skoallen is de foarsitter it wol mei iens. Hy is lykwols fan betinken dat noch net bliken dien hat dat de masters en juffers, dy't dêr ek mei ferantwurdlik foar binne, de goede gong fan saken net hanthavenje koene. De beöardieling fan wat wol en net talitber is, moat neffens sprekker, troch de rjochter dien wurde. It útskriuwen fan aksjes is in rjocht dat de fakbûnen yn ús frije Nederlân hawwe. Sprekker tinkt dat de fragenstellers, as hja de ynhâld fan de lesbrieven sjogge, net sa'n eangst mear hawwe. It liket him dat de namme A.B.O.P. in gruttere eangst oproppen hat, as de V.V.D.-fraksje hurd meitsje kin op grûn fan de lesbrieven sa't dy jün binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 24