- 5 - De hear Bouma seit dat syn fraksje it wol iens is mei dit útstel. Dit is in saak dy't al frij lang rint. De belangen fan de gemeente en it bedriuw stiene wol altyd foarop, mar koene net altyd temjitte kommen wurde. It liket him goed ta dat it kolleezje dan ek taseit dat it bedriuw fan óf it momint dat dit beslút nommen is, de bedriuwsfiering yn de nije loads pleats fine litte kin. Fierder stiet der njonken de oankochte loads noch in loads dy't miskien wol oankocht wurde kin. Op it stee fan de beide loadsen soe dan plak wêze foar in pear hûskes. Sprekker freget him óf wat it doel fan de oankochte loads is. Neffens him moatte der goede maatregels troffen wurde om, as de loads ien kear leech is, te foaren te kommen dat der brantsjes stifte wurde. De heer De Wolf zegt dat zijn fractie het geheel eens is met dit voorstel. Hij hoopt dat de uitvoering kan plaats vinden zoals in het voorstel beschreven. Verder wil hij naar de heer Damsma toe nog even reageren op de ophaalbrug omdat hij zich als toenmalig raadslid mede verantwoordelijk voelt voor het feit dat die brug er gekomen is. Als het ons gegeven zou zijn om in de toekomst te kijken, zou het heel gemakkelijk zijn om beleid te voeren, zo zegt spreker. De hear Stallinga seit dat syn fraksje it ek wol iens is mei it útstel. Oangeande de mooglike nijbou hopet er dat dy passé sil by de bebouwing sa't dy dêr no stiet. Wethâlder Breeuwsma seit dat it bedriuw fan Koen en Van der Werf foar bedriuws- ferpleatsing oanjûn wie yn it ramt fan de 'milieuhinderlijke1 bedriuwen. Doe't bliken die dat it bedriuw dochs net op koarte termyn ferpleatst wurde soe, is der keazen foar it bouwen fan in flapbrêge. It bedriuw seis feroare yntusken fan in houttimmerbedriuw yn in bedriuw mei mear stielbou Dêr hawwe de omwenjenden folie mear lést fan. Fierder moatte der op it plak fan de loads wol huzen boud wurde om't de gemeente oars net fan de sa neamde 80% regeling (in regeling foar rekonstruksje en sanearring) gebrük meitsje kin. It is op dit stuit ek al sa dat Koen en Van der Werf al foar in part fan de nije loads gebrük makket fanwege de bedriuwsfiering. It kolleezje hat al offerte frege foar it ófbrekken fan de loads yn it doarp. It doel is dat der ek sa gau mooglik boud wurdt en as dat net op koarte termyn kin, dan sil gemeentewurken it iepen plak ófskette om it oansjen in bytsje ridlik te hâlden en om te foaren te kommen dat der dingen barre dy't net winsklik binne. It is wol sa, neffens sprekker, dat as de gemeente de nijbou alhiel yn de trant fan de omlizzende bebouwing hâldt, dat der dan rekken mei hâlden wurde moat dat der foar de gemeente kosten oan fêst sitte sille. De hear Damsma seit dat it meitsjen fan belied net maklik is en dat it somtiden yn koarte tiid alwer efterhelle is. Fierder stiet der oan de lofterkant njonken it oankochte bedriuw in tichtspikere hûske. It liket sprekker goed ta dat dat ek yn dizze plannen meinommen wurdt. Hy freget him óf yn hoefier dêr mooglikheden ta binne. Wethâlder Breeuwsma seit dat dat op dit stuit net te oersjen is. Der is no lykwols in begjin makke mei it opknappen fan dy hoeke. De hear Bouma seit dat it tichtspikere hûske dêrt de hear Damsma op doelt de efterein fan in winkelbedriuw is. It liket him better ta dat dy bedriuwichheid yn stân bliuwt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 7Voorstel tot verhuur van een perceel grond aan de Boorn, nabij de noodslachtplaats te Oldeboorn. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 30