- 10 - alle doarpen foarop stiet. Fierder hie hy begrepen yn de gearkomste fan de fjirde ôfdieling dat der noch neiere ynljochtings komme soene oer de buro's dy't foar it meitsjen fan dizze notysje ynskreaun hiene. Neffens him wie der yn de ôfdieling ek noch net in kar dien foar ien fan de buro's. Wethâlder Breeuwsma seit dat it it doel is dat de wenningbou sa goed mooglik oer de doarpen spraat wurdt. It stêdeboukundich buro moat foar de gemeente in notysje skriuwe en it liket sprekker dêrom ta dat de wenningbouferiening der no noch net yn behelle wurde moat. As de notysje klear is kin dy feriening har der wol oer útsprekke. Hy fynt ék dat der net te fier yn de tiid weromgrypt wurde moat. Lykwols kin men ek faak wat fan it ferline leare. It is wol it doel dat der kontakt is tusken it buro en de gemeente oer de gegevens dy't levere wurdemoatteFierder tinkt er dat it better is dat der earst in konseptferhaal is ear't der nei in ôfdieling weromkeppele wurdt. Neffens sprekker wie de kar fan it buro yn de öfdieling wol ôfhannele en is der net op dy wize oer neiere ynljochtings praat. De hear Damsma seit dat de oanbiedings fan de beide buro's einst net te fergelykjen wiene om't de buro's op in mûnlinge fraach in offerte útbrocht hiene. Neffens him is dat gjin goede gong fan saken. De hear Bethlehem seit dat de beide oanbiedings net allebeide like dúdlik wiene mar dat is letter wol rjocht set. Fierder is de kar fan it buro makke op finansiële grûnen. Neffens him is dêr alhiel gjin ûndúdlikheid mear oer. De heer De Wolf zegt dat er voor de laagste inschrijver gekozen is met daarbij de opmerking dat de opdracht aan dat bureau verleend zou worden mits dat bureau de notitie zal uitvoeren zoals door de gemeente omschreven zal worden. Het lijkt hem verder goed dat het bureau keuzemogelijkheden aangeeft voor een te voeren beleid en niet één bepaald beleid. Wat betreft de terugkoppeling naar de afdeling toe, was het de bedoeling van spreker, dat dat gebeuren zou op het moment dat voor de notitie een aanname gedaan moet worden over de te verwachten bevolkingsontwikkeling en de werkgelegenheid. Om te voorkomen dat de raad achteraf zal zeggen dat zij het niet eens is met de uit gangspunten, is het van belang dat er tussentijds vastgesteld wordt wat die uit gangspunten zullen zijn. Wethâlder Breeuwsma seit dat de buro's elk in eigen útlis oan de frege offerte jûn hawwe. De iene troch mear in berekking fan de oeren te jaan en de oare troch mear de details te jaan dy't hja opnimme soene. Dochs wiene dy opjeften wol te fergelykjen en benammen de priis hat in grutte rol spile by de kar foar ien fan de buro's. Fierder wol hy wol tasizze dat as der oanlieding ta is, dat der dan tuskentiids oerlis hâlden wurde sil mei de fjirde öfdieling. It biidrek dêr't de notysje yn makke wurde moat is tige koart (1 juny moat de notysje einst klear wêze)?dus dan moat der wol in goede oanlieding wêze om tuskentiids noch oerlis te hawwen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot verdeling van de gesubsidieerde woningbouw 1984. De VQOrzitter stelt voor om de brieven die de raadsleden van de verenigingen voor dorpsbelang van Wartena en Warga hebben ontvangen, bij dit voorstel te betrekken. De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje mei dit útstel akkoart giet, om't it al sa fier yn de tiid is en der dit jier dochs noch wat dien wurde moat. Wol hat syn fraksje wat beswier tsjin de wize wêrop de tawizing gien is. Besluten fan foar-

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 35