- 12 - 21Voorstel tot het deels verlenen en deels weigeren van medewerking ingevolge arti- kel 72 der Lager-onderwijswet 1920 aan het bestuur van de vereniging voor Protes tants Christelijk basisonderwijs te Wartena inzake het aanschaffen van materiaal ten behoeve van godsdienstige vorming. Alsvoren. 22. Voorstel tot vaststelling van een verordening regelende de samenstelling en be voegdheden van een in te stellen sportraad (commissie op grond van artikel 61 gemeentewet) Mefrou A. Zijlstra seit dat troch de fêststelling fan dizze oardering der in begjin makke is mei it ynstellen fan in sportried. It is net mooglik om yn ien kear in sportried yn te stellen mei alle foech dy't sa'n ried ornaris hat, om't earst dúdlik wêze moat hoe't it hiele sportbarren yn de trije 'âlde' gemeenten op inoar ôfstimd wurde kin. Wat de fertsjintwurdiging yn de sportried oanbelanget fynt sprekster dat de mooglikheid bestean moat foar útwreiding mei fertsjintwurdigers út gruttere doarpen. Der steane no sa'n 15 minsken op'e list foar dizze ried. It kiezen fan in foarsitter moat oan de sportried oerlitten wurde. Mocht út de praktyk bliken dwaan dat dizze oardering te strak opset is, dan kin der yn de twadde ôfdieling noch wolris oer praat wurde. Sprekster wachtet fierder mei niget de neamde beliedsnotysje of. Mefrou Watzema seit dat hja bliid is dat der no in begjin makke is mei de opset fan in nije sportried. Wat hja yn it stik mist, binne de opmerkings fan de twadde ôfdieling. Dy binne der net yn ferwurke. Fierder stiet der in flater yn dy't der perfoarst wol út moat. Dat is yn kêst 13, lid a, wêr't stiet dat trije leden beneamd wurde op grûn fan kêst 5, mar dat moat kêst 6 wêze. Dan fregat hj a har noch óf hoe lang it noch duorje sil ear't der foech oan de sportried oerdroegen wurde sil. De hear Van der Baan kin him wol fine yn dit útstel. Lykwols hat er oer it tal leden fan dizze ried noch in opmerking. Mei in tal fan 15 oant25 leden, liket him ta dat dy ried net goed mear wurkje kin. Hy wol dêrom ek útstelle om it tal leden te beheinen ta in stik as 5. De ynspraak fan de ferienings en doarpen moat dan op in oare manear regele wurde. Dêrby tinkt sprekker oan it systeem sa't dat foar gearkomsten fan de ôfdielings brûkt wurdt; nl. ynspraak fan de publike tribune. Hy freget him fierder óf wat it kostje sil as dy hiele grutte ried in pear kear per jier gearkomt. It liket him in hiele besparring as it regele wurdt op de wize sa't er dy oanjûn hat. De hear Terra is fan betinken dat de sportried wol út wat mear minsken bestean moat as in stik as 5. Alle ûnderdielen sille dochs fertsjintwurdige wêze moatte. Wethâlder Van Gorkum seit dat de sport seis in konsept-oardering oanbean hat. Dêryn waard der fanút gien dat bepaalde behearstaken oan de sportried oerdroegen wurde koene. Ek wie der in finansieel stik yn opnommen, wêrút bliken die dat it hiele behear en eksploitaasje oan de sportried oerdroegen wurde moatte soe. Ut neier oerlis hat bliken dien dat it net it doel wie om dat yn ien kear te réalisearjen. Men hie wol troch dat men dêr nei ta groeie moat. Ek oer it tal leden hie it kolleezje ferskil fan ynsjoch mei de foarlopige kommisje. As men út alle doarpen in fertsjintwurdiger hawwe wol en noch wat riedsleden dan komt men dochs al gau op sa'n 15 minsken. It is lykwols net it doel dat dy hiele grutte groep alle moannen byinoar komt. Der sil in deistich bes^j-oer keazen wurde dat de gearkomsten fan de sportried tariedt. En dan is it wol need- saaklik dat der safolle mooglik fertsjintwurdigers binne, sadat eltsenien oer de útstellen prate kin. Dat sa'n grutte ried de gemeente wat mear kostje sil oan fergoedings^ is sprekker

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 37