- 16 - It kolleezje hat ek keazen foar in fytspaad bylâns de Grutte Kritewei yn stee fan earst in sânbêd en letter in fytspaad. It doel fan it ûndersykjen fan alle mooglikheden, sa't de hear Bouma dat nei foaren brocht, is om op dy wize te kommen ta it op sa koart mooglike termyn oan- lizzen fan in sa'n grut mooglik part fan in fytspaad tusken Wergea en Grou. Op in fraach fan it kolleezje oan it provinsjebestjoer oer de oanlis fan sa'n fytspaad Grou-Wergea waard sa'n seis wike ferlyn sein dat der dit jier noch in bytsje jild beskikber wêze soe foar nuttige fytspaden, mar dat dêrnei alle plannen foar fytspaden en dan benammen rekréative fytspaden, wol fergetten wurde koene. Lykwols lies sprekker in pear wiken letter yn it TROP dat spearpunt fan belied wêze soe: oanlis fan rekréative fytspaden. 'Dan brekke my twa klompen tagelykj sa seit sprekkerDêrmei feroaret der wer in hiel soad en sil it kolleezje nochris ûndersykje wat dan de mooglikheden binne foar in fytspaad bylâns de Wergeasterfeart Utstel fan wurk is gjin ôfstel neffens sprekker, om't der alle jierren jild re- servearre wurdt foar dizze plannen. Dochs binne der no ünderdielen fan dit roal- ferkavelingsplan, dêr't it kolleezje op dit stuit fraachtekens by set oft dy noch wol sa útfierd wurde moatte as no yn it plan stiet. Dat kin wat besunigingen op lever je, mar ear't dat safier is moat der earst in offisiële planwiziging komme en dat giet by de roalferkavelingskommisje net sa hurd. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 27Voorstel tot herbenoeming van een bestuurslid van de stichting Recreatieoord Yn'e Lijte. De voorzitter wijst als leden van het stembureau aan de heren Breeuwsma, Damsma en Van Gorkum. De heer A. de Groot wordt met 15 stemmen herbenoemd tot bestuurslid van de stichting Recreatieoord Yn'e Lijte. 28. Voorstel tot het beschikbaarstellen van een krediet voor het verrichten van een haalbaarheidsonderzoek naar het energieproject te Deersum. Mefrou Bloem fynt dat it in goede saak is dat der yn dizze nije gemeente noch ris op in rychje set wurdt wat der oan dat projekt dien wurde kin. Har fraksje kin him fine yn it útstel sa't dat foarleit. De hear Terra seit dat syn earste réaksje wie: 'moat dit no, der hat al safolle oer te dwaan west Dochs by neier ynsjen koed er him der wol yn fine. Ut it útstel die him bliken dat der oan trije buro's priisopjefte frege is mar dat der net keazen wurdt foar de leechste ynskriuwer. By neifreegjen die bliken dat de leechste ynskriuwer "Ingenieursbureau Het Noorden" wol by steat is om dizze stúdzje út te fieren. Wêrom der dan net foar dit buro keazen wurdt is him in riedling. Ek is it in buro dat yn Fryslân sit en foar in stik wurkgelegenheid yn dizze provinsje soarget. Sprekker stelt dêrom út om, as it ûndersyk dochs ynsteld wurde moat, te kiezen foar de leechste ynskriuwer. De heer De Wolf zegt dat er in totaal al voor 225.000,= is uitgegeven voor onderzoekingen rond dit project. Daarbij werd er vanuit gegaan dat de energie prijzen behoorlijk zouden stijgen.Onder die conditie zou het project net uitkunnen, zoals beschreven in een eerste haalbaarheidsstudie. Daar echter de energieprijzen niet zo sterk gestegen zijn en dit waarschijnlijk ook niet zullen doen in de toekomst, lijkt dit project volgens spreker niet meer haalbaar. Ook lijkt hem daardoor de kans op subsidie zeer minimaal. Hij vraagt zich af waarom dat eerste rapport niet bij de stukken ter inzage lag. Om aan dit project mee te doen zouden de inwoners van Deersum de nodige investe-

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 41