- 4 - wurde. Fierder is hy it alhiel iens mei wat der ûnder II. en III. útsteld wurdt. Mefrou Watzema seit dat har fraksje it iens is mei it útstel om foarearst te kiezen foar oansluting by de Schoterwerven. Der moat dan wol sa gau mooglik in dúdlik byld jün wurde fan de gegevens sa't dy ûnder a. oan't en mei d. neamd binne. Ek moatte der neffens sprekster de kosten by dy't oan it ferlitten fan it gear- wurkingsferbân de Schoterwerven ferbûn binne. De hear Terra fynt dat it meitsjen fan in kar foar in gearwurkingsferbân al sa lang opskood is, dat it goed is dat it kolleezje no mei dit útstel komt. Hy kin dat dan ek alhiel stypje. De hear Damsma seit dat hy net foar de oansluting by in gearwurkingsferbân is. As de gemeente him dochs by in gearwurkingsferbân oanslute moatte soe, liket it him ta dat in kar foar Súdwest Fryslân better yn'e beneaming komt. De grûnen dêrfoar binne dat dizze gemeente ierdrykskundich yn de lege midden fan Fryslân leit; in stripe grûn dy't rint fan Starum oan't de Burgumermar mei it Prinses Margrietkanaal der dwers trochhinne. It is in gebiet fan greidboeren en komelkers dy't kwa struktuer by dizze gemeente past. Fierder hawwe dy gemeenten allegear te krijen mei de problematyk rûn de wetterrekréaasje. Ek hat dizze ge meente taalkundich in bining mei sawol de Regio Fryslân-Noard as it gearwurkings- ferbân Súdwest Fryslân, mar alhiel net mei de Schoterwerven. Ek de kultuer is dêr gâns oars. Yn it ferline wie it yndied wolris sa dat Súdwest net goed draaide, mar troch de weryndieling (dat is dan it earste positive punt fan de weryndieling dat sprekker tsjinkomt) binne der mar sân gemeenten mear lid fan dit gearwurkingsferbân en dat hat in goede útwurking hân op it bestjoerlik funksionearjen fan dit ferbân. As klap op de fjoerpylk blykt Súdwest ek noch it goedkeapste gearwurkingsferbân te wezen. It liket sprekker fierder net goed dat it musykûnderwiis sa'n grutte rol spylje moat yn it meitsjen fan in kar. Hy sjocht ek net de haast dy't hjir ynienen efter set wurdt. Sprekker is it net iens mei it útstel om no al in kar te meitsjen. Hy wol dan ek de rie jaan om dizze saak nochris goed te besjen. Wethâlder Breeuwsma seit dat de yntinsje fan it kolleezje wol is om oan te sluten by de Schoterwerven. Der wiene noch wol de fragen, neamd yn it útstel ûnder b, c. en d., dy't sa'n twa moannen ferlyn al oan it deistich bestjoer fan de Schoter werven steld binne, mar dêr't oan't no ta gjin andert op kommen is. It kolleezje wie fan betinken dat der dochs earst in andert op dy fragen komme moat, ear't der definityf ta de kar foar Schoterwerven oergien wurde kin. De Schoterwerven hawwe alris oanjûn wat it mooglik kostje sil as Boarnsterhim út dat gearwurkings- ferbân stappe sil. Dat wie lykwols in "yndikaasje" en sprekker fynt it net te- rjochte om dy sifers dan te jaan. It giet hjir yn it útstel om it kiezen foar oansluting by de Schoterwerven, wêr't eltsenien it dochs wol mei iens is. Om dan nochris te freegjen wat de úttredingskosten wêze sille liket him net goed ta. Fierder liket it sprekker ta dat de kar makke wurde moat op grûn fan bestjoerlike mooglikheden en net b.g. taalkundige, sa't de hear Damsma nei foaren brocht. Hy tinkt dat it posityf is as der mei fjouwer lykweardige gemeenten in gearwurkings - ferbân foarme wurde kin. De hear Nieuwdam wol syn stânpunt hanthavenje dat der sa gau mooglik in definitive kar makke wurde moat foar oansluting by de Schoterwerven. Hy stelt dêrom út om no te kiezen foar oansluting en op sa koart mooglike termyn hjiroer oerlis te hawwen mei dit gearwurkingsferbân. It ündersyk neamd ûnder II. yn it kolleezje-útstel mei net opkeard wurde. Punt III. fan it kolleezje-útstel wurdt sa oernommen. Mefrou Watzema fynt it net goed om al definityf te kiezen foar oansluting by de Schoterwerven, as der noch neat fan alle finansiële konsekwinsjes bekend is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 8