- 5 - De hear Damsma is it wol iens mei wat mefrou Watzema seit. Der moat earst düdlik- heid komme oer de finansiële konsekwinsjesHy fynt dit beslútfoarming mei de eagen ticht. De hear Terra fynt dat der al sa lang praat is oer dizze saak, dat der no mar in beslút nommen wurde moat. It liket him nei de oanbelangjende gearwurkingsferbannen ta ek net earlik dat der sa lang wachte wurdt mei it nimmen fan in beslüt. De hear Bouma seit dat der yndied al tige lang praat is oer de kar foar in gear wurkingsf erbân. As in kar no noch langer útsteld wurdt, hâldt dat yn dat it in protte jild kostet om't der neat ôfboud wurde kin. By de gearwurkingsferbannen wit men ek net wêr't men, bgl. op personielsmêd, oan ta is. Fierder binne der safolle gegevens al wol bekend, dat der perfoarst wol goed trochtocht in beslút nommen wurde kin. Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje nochris wize wol op de finansiële konsekwinsjes dy't der fan komme sille. Einst soene dy der net wêze moatte, om't de weryndieling fan heger hân oplein is, mar hy is der net gerest op. De foarsitter seit dat it kolleezje in alternatyf útstel hat, dat hooplik oan de winsken fan alle partijen temjitte komt, útsein de Súdwestlonk fan de hear Damsma. It útstel wurdt dan: "Wij stellen u voor: I. toe te treden tot het samenwerkings verband de Schoterwerven. II. te bepalen dat dit besluit niet eerder in werking treedt dan nadat de Streekraad Schoterwerven bevredigend heeft gereageerd ten aanzien van de punten genoemd onder b. en d." Hjir kin yn tredde rûnte wat fan sein wurde. De hear Bouma makket beswier tsjin dizze proseduere. Yn it reglemint fan oarder stiet dat der yn twa rünten oer in ütstel praat wurdt en dat dan ek alle ynformaasje op tafel komt. Fierder docht it alternative útstel fan it kolleezje net folie rjocht oan it útstel fan de P.v.d.A. Dat ütstel wurdt dan ek hanthavene en sprekker freget oft dêr dan ek oer stimd wurde kin. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie niet tegen toetreding tot de Schoterwerven is. Door aan het toetredingsbesluit toe te voegen "in principe", wordt een betere onderhandelingspositie gewaarborgd. Verder is het niet mogelijk het eventuele uittreedbedrag van de Regio Friesland-Noord met dat bedrag van de Schoterwerven te vergelijken als die gegevens niet worden opgevraagd. Het is dan heel moeilijk te beoordelen of die kosten dan wel of niet aan de hoge kant zijn. Ook moet er volgens spreekster, aan de provincie gevraagd worden om in deze finan ciële kwestie bij te springen. Dat kan gevraagd worden op grond van de Herindelings- wet De hear De Wolf is fan betinken dat dy üttredingskosten net by de gemeente mar by de provinsje thüs hearre. De foarsitter seit dat as der mooglikheden binne de kosten earne oars te ferheljen, dat dat dan ek barre sil. De hear Terra tinkt dat it neat ütmakket by hokker gearwurkingsferbân de gemeente oansluting siket, dy üttredingskosten bliuwe der dochs. De hear Nieuwdam seit dat de earste ôfdieling frij ienriedich wie oer de regiokar. It liket him ta dat der net mear düdlikheid komme sil yn de gegevens dy't it kolleezje no hat. De kar moat mar makke wurde. Hy freget him óf wêr't it wachtsjen noch op is. Hjirnei ferskoot de foarsitter de gearkomste foar in smookskoft.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 9